Springe nei ynhâld

Skalsumermole

Ut Wikipedy
Skalsumermole
mûne / mole
De mûne yn 2022
De mûne yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Skalsum
adres Ryksstrjitwei
koördinaten 53° 11' N 5° 35' E
bysûnderheden
type mûne muonts
oarspr. gebrûk poldermûne
flecht 20,20 meter
boujier 1801
oare ynformaasje
eigner De Fryske Mole
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15880 [1]
Webside
Side De Fryske Mole
Kaart
Skalsumermole (Fryslân)
Skalsumermole

De Skalsumermole is in poldermole en ryksmonumint east fan it doarp Skalsum yn de gemeente Waadhoeke. De mole stiet justjes noard fan de Ryksstrjitwei tusken Frjentsjer en Dronryp en even súd fan de A31.

De mole waard yn 1801 boud en hat oant yn de jierren 1970 de Grutte Skalsumer Polder bemeald, letter mei help fan in elektromotor. Eartiids hie de mole ek selsswichting. Yn 1977 waard de mole eigendom fan de Stifting De Fryske Mole, dy't de mole restaurearje liet; doe waard ek in âldhollânsk geflecht mei seilen oanbrocht. Ek waard de mole mealree makke, yn in sirkwy omdat troch peilferlegingen de mole oars net langer syn wurk dwaan koe.

De mole fiert it wetter op mei in fizel en de roeden hawwe in lingte fan goed 20 meter. In frijwillich moolder lit de mole geregeldwei mealle en jout op sneon les oan oankommende frijwillige mûnders.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: