Springe nei ynhâld

Skotwûne

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sjitwûne)
In minsklike plasse mei in kûgelgat.

In skotwûne, sjitwûne of kûgelwûne is in soarte fan ferwûning dy't men oprint as men rekke wurdt troch ôfsketten munysje út in fjoerwapen. Soks komt in protte foar yn wapene konflikten, by de jacht en as ûnderdiel fan kriminele aktiviteiten. Ofhinklik fan it plak dêr't men rekke wurdt, it soarte (formaat) munysje dat brûkt wurdt en de krêft fan 'e ynslach kinne skotwûnen liede ta lichte of swiere ferwûnings of ta de dea. As men inkeld ferwûne rekke is, bestiet de kâns, op 'e nij ôfhinklik fan 'e boppeneamde faktoaren, dat men wer hielendal opbetterje sil, mar it komt ek foar dat men der jins libben lang lêst fan ûnderfynt of sels bliuwend ynfalide rekket. De stúdzje fan skotwûnen heart ta it wurkterrein fan 'e ballistyk. Skotwûnen wurde yn 'e regel standert as medyske needgefallen beskôge, wêrby't fuortendaliks ferlet is fan behanneling troch ekspêrs yn in sikehûs. Dokters binne wetlik ferplichte om skotwûnen te melden by de plysje.

De aard fan in skotwûne wurdt feroarsake troch de kombinaasje fan in stikmannich faktoaren. Yn it foarste plak giet it dêrby om 'e kinetyske enerzjy fan 'e kûgel (oftewol de krêft fan 'e ynslach). Dy kin wittenskiplik omskreaun wurde as KE = m•v2/2, wêrby't KE de kinetyske enerzjy is, m de massa fan 'e kûgel en v de faasje fan 'e kûgel. Mei dy berekkening kin ynsichtlik makke wurde wêrom't kûgels mei in swierder gewicht en/of dy't mei in hegere faasje ynslane, mear skea oanrjochtsje as kûgels fan deselde grutte dy't minder swier binne en/of har minder fluch fuortbewege. Oare wichtige faktoaren dêr't men rekken mei hâlde moat, binne de gier (draaiïng), en de eventuële ferfoarming of fragmintaasje fan 'e kûgel.

It direkte gefolch fan in skotwûne is ornaris slim blieden, dat mooglik mank giet mei it yn shock reitsjen fan it slachtoffer. Yn dy sitewaasje krije de organen dy't it lichem draaiende hâlde, te min soerstof oanlevere om't de bloedsirkulaasje fersteurd wurdt troch bloedferlies. Slimmer noch is it as de kûgel in krúsjaal lichemsdiel rekket, lykas it hert of de longen, of as it sintraal senuwstelsel skansearre rekket troch in ynslach yn 'e wringe of de harsens. De meast foarkommende direkte deadsoarsaken troch in skotwûne binne: deablieden, in klaplong, katastrofale ferwûning oan it hert of de gruttere bloedfetten en skea oan 'e harsens of it sintraal senuwstelsel. Bykommende slimme (mar net libbensbedriigjende) skea wurdt by skotwûnen tabrocht oan 'e hûd. As men yn it gesicht rekke is en de ferwûning oerlibbet, kriget men dêr in slimme groede wêrfoar't letter faak plastyske sjirurgy nedich is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.