Springe nei ynhâld

Sjeik

Ut Wikipedy

In sjeik (fan it Arabyske: شيخ‎, sekuere transliteraasje: šayḫ, útspr.: [ʃe:x], likernôch: "sjeech"; meartal: شيوخ, translit: šuyūḫ, útspr.: [ʃuju:x], likernôch: "sjûjûûch") is in Arabyske titel. It betsjut safolle as "master" of "wize", en is dêrmei net spesifyk foarbeholden oan 'e adel, hoewol't er dêr wol it meast mei ferbûn is. In sjeik is in manlik lid fan in keninklike of aadlike famylje, de hearsker oer in stamme of gewoan in âldere man dy't op maatskiplik mêd in protte oansjen wûn hat. Yn 'e earste beide gefallen is it in titel dy't fan heit op soan oerdroegen wurdt. De froulike foarm sjeika (Arabysk: شيخة, translit: šayḫa, útspr.: [ʃe:xa], "sjee-cha") wurdt troch froulike leden fan in keninklike of aadlike famylje droegen.

In sjeik is yn it foarste plak in lieder fan in Arabyske stamme (wêrby't it almeast om in bedoeïnestamme giet) of in lid fan in aadlike of keninklike famylje. As yn it gebiet fan 'e famylje ierdoalje fûn is, en de famylje dêrtroch ryk wurden is, sprekt men yn 'e folksmûle ek wol oer in oaljesjeik. Yn 'e foarm fan 'e stamlieder giet de titel 'sjeik' werom op in pre-islamitysk ferline.

Der binne ek pleatslike sjeiks, dy't yn 'e praktyk faak islamityske learaars binne, oan it haad fan in moskee steane of omdoarmjende prekers binne. Mei it tal folgelingen fan sokken nimt ek harren maatskiplike en politike macht ta. Ek de learmasters fan soefistyske oarders (tarika's) wurde troch harren oanhingers oantsjut as sjeiks. Dêrby giet it om 'e hoeders fan 'e kennis dy't inkeld foar ynwijden bedoeld is, en dy't fia in spesifyk keatling fan ynwijingen (silsila) by wichtige hilligen lâns tebekgean soe op 'e profeet Mohammed sels.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.