Springe nei ynhâld

Sipke Swierstra

Ut Wikipedy
Sipke Swierstra
politikus
echte namme Sipke Bartele Swierstra
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 11 augustus 1951
berteplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
partij VVD
Lid Deputearre Steaten fan Drinte
amtsperioade 19912007
Lid Deputearre Steaten fan Drinte
amtsperioade 2010 - 2011
Boargemaster fan Feandam
amtsperioade 2013 - 2021
foargonger Ab Meijerman
opfolger Berry Link

Drs. Sipke Bartele (Sipke) Swierstra (Ljouwert, 11 augustus 1951 is in Nederlânske politikus fan Frysk komôf. Hy is fan de VVD. Fan 1 novimber 2013 oant 15 novimber 2021 wie er waarnimmend boargemaster fan Feandam.[1]

Swierstra is hikke en tein yn Ljouwert. Hy gie nei it Steds Gymnasium Ljouwert, wêrnei't er oan de Ryksuniversiteit Grins syn doktoraal helle foar de stúdzje bestjoerswittenskippen.
Swierstra wie fan 1991 oant 2007 deputearre yn de provinsje Drinte. Yn 2010 waard er foar in jier wer weromfrege as deputearre. Op 1 novimber 2013 waard er beneamd ta waarnimmend boargemaster yn de gemeente Feandam. Njonken syn politike wurkpaad wie er ek warber as algemien siktaris fan de Feankoloniale Boerebûn yn Feandam.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: