Sint-Odulfustsjerke (Assendelft)
Sint-Odulfustsjerke (Assendelft) | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Saanstêd | |
plak | Assendelft | |
adres | Dorpsstraat 572 | |
koördinaten | 52° 28' N 4° 44' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Haarlim-Amsterdam | |
patroanhillige | Odulf fan Utert | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Adrianus Bleijs | |
boujier | 1887-1888 | |
boustyl | Neoromaanske styl | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 39923 | |
Webside | ||
katholiekzaanstreek.nl | ||
Kaart | ||
De Sint-Odulphustsjerke is in roomske tsjerke oan 'e Dorpsstraat 572 yn it Noard-Hollânske plak Assendelft.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste oan Odulfus fan Utert wijde tsjerke waard oant it begjin fan 'e 15e iuw boud. Dat gebou moast nei de reformaasje yn 1582 oan 'e protestanten oerdroegen wurde. De katoliken makken sûnt gebrûk fan skûltsjerken, oant yn 1853 in nije tsjerke boud wurde koe. Dy wettersteatstsjerke wie al nei in jier of wat te lyts en brekfallich.
Yn 1883 waard der neffens it ûntwerp fan Adrianus Bleijs in nije, trijeskippige tsjerke yn neoromaanske styl boud. Op 'e noardeastlike hoeke fan 'e tsjerke waard in grutte klokketoer tafoege.
De tsjerke wurdt oant de dei fan hjoed troch de Sint-Odulfusparochy brûkt. De tsjerke is in ryksmonumint.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Odulfustsjerke hat foar in grut part noch in oarspronklik ynterieur. It middenskip en de krusing ha in houten ferwulft. De 14 krúsweistaasjes binne tagelyk mei in pear oare muorrebeskilderingen yn 2016 restaurearre.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1863 boude Johannes J. Vollebregt & Soannen in nij mechanysk sleepladeoargel yn in besteande oargelkas fan Matthias van den Brink út 1836. De oargelkas komt dus noch út de skûltsjerke. Yn 1887 ferhûzen de bruorren Franssen it oargel nei de nije tsjerke en brochten yn 'e disposysje in pear feroarings oan.
It oargel waard yn 2015 restaurearre en by dy restauraasje waard de disposysje fan 1890 oanholden.[1]
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut de tsjerke is it skilderij 'De Bespotting fan Kristus' fan Jan Miense Molenaer út 1639 ôfkomstich. Yn 1970 ferhûze it nei it Biskoplik Museum fan Haarlim.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|