Springe nei ynhâld

Sint-Odulfuspaad

Ut Wikipedy

It Sint-Odulfuspaad (Nederlânsk en offisjeel: Sint-Odulphuspad) is in kuierpaad yn 'e Fryske Súdwesthoeke. It bestiet út ferskate trajekten, dy't mei-inoar in ôfstân fan 260 km hawwe. De gearstalling fan it paad, fierhinne út besteande rûtes, wie in inisjatyf fan 'e Stifting Lytse Marren, mei as doel om it kuiertoerisme yn Súdwest-Fryslân oan te fiterjen.

It Sint-Odulfuspaad waard ein juny 2018 feestlik iepene yn it doarp Westhim. Dêrby bea Harold Visser, de foarsitter fan 'e Stifting Lytse Marren, it earste eksimplaar fan it St. Odulphusboek oan deputearre Michiel Schrier oan. Dat boek befettet alderhanne ynformaasje oer it paad sels en de ferskate besjensweardichheden oan 'e rûte, wêrûnder de lânskipsskientme en de rike kleasterskiednis fan 'e Súdwesthoeke en oare nijsgjirrige histoaryske wittensweardichheden oer dy krite.

Kuierders dy't it Sint-Odulfuspaad berinne, kinne mei in stimpelkaart by ferskate stimpelposten oan 'e rûte del. Oan 'e ein fan 'e tocht kinne se tsjin ynlevering fan in folle stimpelkaart in unyk oantinken oan it Sint-Odulfuspaad krije, besteande út in stikje ikehout getten yn hars. It hout datearret fan 1197, en makke foarhinne diel út fan 'e beskoeiïng fan in wettersaad by it tolfde-iuwske Sint-Nikolaaskleaster yn Himmelum. By it stikje hout wurdt in sertifikaat fan echtheid levere dat ûndertekene is troch in dendrolooch.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: