Springe nei ynhâld

Sint-Maternustsjerke (Ürzig)

Ut Wikipedy
Sint-Maternustsjerke
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Bernkastel-Wittlich
plak Ürzig
adres Maternusstrasse 5
koördinaten 49° 58' N 7° 0' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Trier
patroanhillige Sint-Maternus
Arsjitektuer
boujier Toer 15e iuw
tsjerke 1866
Webside
Parochymienskip Bernkastel-Kues
Kaart
Sint-Maternustsjerke (Rynlân-Palts)
Sint-Maternustsjerke

De Sint-Maternustsjerke (Dútsk: Pfarrkirche St. Maternus) is in katolike parochytsjerke yn Ürzig, in plak oan 'e Mûzel yn de Dútske lânking Bernkastel-Wittlich (Rynlân-Palts). De tsjerke waard yn 1866-1867 boud en is in beskerme monumint.

Ynterieur.

Bekend is dat yn 'e 13e iuw Ürzig in kapel hie. Yn 1475 waard yn in fisitaasjeberjocht oer in tsjerke skreaun, werfan it skip fanwegen brekfalligens nei 1712 fernijd waard. By de nijbou tusken 1866-1867 fan 'e oan 'e hillige Maternus wijde tsjerke bleau de midsiuwske toer bewarre. Maternus wie biskop fan Keulen, Tongeren en Trier en dêrom wurdt de hillige fakentiden mei trije tsjerken útbylde.

Oant let yn 'e 20e iuw hie Ürzig njonken in eigen preester noch in iermislêzer, dy't wenne yn it oan 'e tsjerke boud hûs foar iermislêzers, dat hjoed-de-dei troch de parochy brûkt wurdt. Ürzich wie in selsstannige parochy, mar falt hjoed-de-dei ûnder de parochymienskip ​Bernkastel-Kues.

De goatyske toer datearret nei alle gedachten út de 15e iuw. Yn 'e toer hingje trije brûnzen klokken út 1452, 1467 en 1494. Om't de tsjerke op in helling boud waard stiet de basis fan 'e toer ûnder it nivo fan 'e strjitte. Oan 'e noardlike en súdlike kant fan 'e toer binne lytske neogoatyske portalen tafoege.

De earste stien fan 'e tsjerke waard yn 1866 lein. Oan 'e alterkant is oan 'e bûtenkant dy stien te sjen. Doopfont, bychtstuollen en it hek fan de sakristy binne fan 'e barokke foargonger oernommen. Oan it eastlik portaal is in krusigingsgroep út it jier 1618 te sjen.

Oargel

It oargel waard troch Heinrich Voltmann yn 1867 yn 'e nije tsjerke boud en yn 2013 restaurearre. It hat 21 registers op twa manualen en pedaal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.