Sint-Martinustsjerke (Loppem)
Sint-Martinustsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Belgje | |
gewest | Flaanderen | |
provinsje | West-Flaanderen | |
gemeente | Zedelgem | |
adres | Dorp | |
koördinaten | 51° 09' N 3° 11' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk Katolike Tsjerke | |
bisdom | Brugge | |
patroanhillige | Martinus fan Tours | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Jean-Baptiste, Charles de Bethune, Auguste Van Assche | |
boujier | (1e bou) 13e iuw | |
boustyl | Neogotyk | |
monumintnûmer | 209818 | |
Kaart | ||
De Sint-Martinustsjerke is in tsjerke yn it Belgyske doarp Loppem. Sûnt 1999 is de parochytsjerke in monumint.
De skiednis fan 'e tsjerke giet op 'e 13e iuw werom. Troch de iuwen hinne is de Martinustsjerke jimmeroan fergrutte. It âldste diel dat bewarre bleaun is, is de toer. De achthoekige boppebou en it lofter skip datearret út it begjin fan 'e 17e iuw. It rjochter skip waard yn 'e jierren 1860-1870 oanboud. Yn 'e selde jierren waard de tsjerke hielendal yn neogoatyske styl restaurearre troch de arsjitekten Auguste Van Assche en Jean Bethune, mei-ûntwerper fan it tichtby lizzende kastiel fan Loppem.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hjoeddeiske tsjerke ferfangt nei alle gedachten in houten tsjerke út de 11e iuw. Yn 'e 13e iuw wie it ynearsten in rjochthoekich gebou, dat letter renovearre waard en dêr't ek in koer en dwersskipkapellen oan tafoege waarden.
Yn 1616 waard it noardlike skip oanboud en yn 'e selde tiid ûntstie de achthoekige ferheging fan 'e toer en ek in gruttere sakristy.
De grutste ferbouwing waard yn 'e 19e iuw útfierd. Njonken in yngreven restauraasje waarden yn it tiidrek 1868-1871 it súdlike skip, in nije sakristy en in nije grêfkapel boud en krige de doopkapel syn hjoeddeiske foarm. Jean Bethune, de arsjitekt fan kastiel Loppem, wie ferantwurdlik foar de dekoraasje fan 'e tsjerke.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan it ynterieur út de tiid foar de neogoatyske restauraasje is mar in hiel lyts bytsje oerbleaun; it binne fral skilderijen, sulverwurk, houten alterkandelaars en in 17e-iuwske Madonna. It grutste part fan it meubilêr binne jeften fan de lokale aadlike famyljes.
- It heechalter (1872) en de bylden fan de kalvary (1875) binne troch de byldhouwer L. Blanchaert neffens in ûntwerp fan Jean Bethune makke.
- De sydalters (1873) binne troch Van Nieuwenhuyze boud, lykas ek de reliëfs fan 'e preekstoel (1874, ûntwerp J. Bethune)
- De oargelkas en it doksaal (1878), de preekstoel (1874), bychtstuollen (1877), it doopfont, it koerstuolte (1875) binne ôfkomstich fan it atelier fan Ch. Lenoir (ûntwerp J. Bethune).
Nettsjinsteande de grutte ynfloed fan 'e neogotyk op 'e tsjerke fan Loppem is de sulverkolleksje benammen 17e en 18e-iuwsk. Nuver genôch is der gjin neogoatysk sulverwurk of edelmetaal.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik hie de tsjerke in oargel fan Berger út 1743, dat yn 1873 ferkocht waard oan 'e tsjerke fan Heule-Waterhoek dêr't it noch hieltiten stiet.
It hjoeddeiske oargel is in oargel fan L.B. Hooghuys, boud yn it jier 1876. It ienmanualige oargel hat in oanhongen pedaal en alve registers.
Klokken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e toer hingje trije klokken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Sint-Martinuskerk (Loppem)
|