Sint-Joaristsjerke (Lod)
| Sint-Joaristsjerke | ||
| Lofts de Sint-Joaristsjerke; rjochts de El-Khidr-moskee | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| plak | Lod | |
| koördinaten | 31°57' N 34°53' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Gryksk-Otterdokse Tsjerke | |
| patroanhillige | Sint-Joaris | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 1870-1874 | |
| Kaart | ||
De Sint-Joaristsjerke (Hebriuwsk: כנסיית גאורגיוס הקדוש קוטל הדרקון, Arabysk: كنيسة القديس جيورجوس of كنيسة مار جريس) is in gryksk-otterdoks tsjerkegebou yn Lod, Israel. Yn 'e krypte stiet de tombe fan 'e 4e-iuwske kristlike martler Joaris. De tsjerke waard yn 'e jierren 1870-1874 mei behâld fan 'e ruïne fan in âlde krúsfarderskatedraal boud.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan 'e krúsfarderskatedraal gyng in byzantynske tsjerke foarôf, dy't nei alle gedachten op it plak boud wie, dêr't de hillige Joaris de martlersdea stoar. Yn 1010 waard dy Byzantynske tsjerke troch kalyf al-Hakim mei de grûn lyk makke. Doe't de krúsfarders yn 1099 it Hillige Lân befrijden, waard it bisdom Lod-Ramla stifte en yn 'e nije Joariskatedraal fan Lod kaam de biskopssit te stean.
De Joariskatedraal waard as trijeskippige basilyk mei fjouwer traveeën en in oangrinzgjend koertravee boud en krige de definitive foarm yn 'e 12e iuw. It grêf fan 'e hillige lei foar de middelste haadapsis. De basilika wie in wartsjerke om de wei fan Jeruzalim nei Jaffa feilich te stellen en makke yn 1177 de ferdigeningsfunksje wier by in belegering troch de Ayyubiden. Nei de oermastering fan Lod troch Saladin's troepen yn 1191 waarden de westlike traveeën fan 'e tsjerke ferneatige. Op dat plak leit hjoed-de-dei de binnenhôf fan in moskee.
Yn 1870 ûnstie der striid tusken de Fransiskanen en de otterdoksen oer de rjochten fan 'e resten fan 'e krúsfarderstsjerke. De Ottomaanske autoriteiten wiisden de resten fan 'e Joaristsjerke lang om let ta oan it Gryksk-Otterdokse Patriargaat fan Jeruzalim. Om't de Ottomaanske autoriteiten perfoarst mar in diel fan 'e grûn beskikber stelle woene, koe de Joaristsjerke mar foar in part rekonstruearre wurde. By de bou waarden dielen fan 'e âlde krúsfarderstsjerke (de haadapsis, de noardlike sydapsis en de fjouwer noardeastlike traveeën) yn 'e nijbou yntegrearre.
Yn fitrines yn 'e tsjerke wurde reliken fan Joaris bewarre. Sa bewarret de tsjerke ek kettings, wêrfan't sein wurdt dat se brûkt waarden om Joaris yn 'e finzenis te boeien. De kettings kinne út de fitrine helle wurde om de minsken dêr mei te seinigjen.[1]
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Resten fan 'e Joariskatedraal
Cornelis de Bruyn (1714). - Ynterieur.
- Ferwulft.
- Ynterieur.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
