Springe nei ynhâld

Apsis

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Apsis (boukeunst))
Typysk ierkristlike/byzantynske apsis mei in healdom fersierd mei in mozayk (Basilica di Sant'Apollinare in Classe yn Ravenna).
Apsis (links) fan de Basilyk fan Maksentius yn Rome
De apsis (griis) fan in krústsjerke
Dizze side giet oer it arsjitektoanyske begryp. Foar oare betsjuttings, sjoch: apsis (betsjuttingsside).

In apsis of abside[1] (absidiool[2]) is in healrûne, of mearhoekige, nisfoarmige romte oan in basilka, tsjerke, katedraal of timpel oerdutsen mei in healbolfoarmich ferwulft of heale koepel, ek bekend as in eksedra.

De apsis wie yn de Romeinske tiid it plak yn in basilica dêr't in bestjoerder of rjochten siet. Basilika's hiene in publike funksje als regeringsgebou of als rjochtsgebou. In foarbyld fan sa'n basilika is de Basilika fan Konstantyn yn de Dútske stêd Trier.

Keizer Konstantyn de Grutte fan it Romeinske Ryk, de earste kristlike keizer, liet in de fjirde iuw de earste tsjerken mei in apsis bouwe. De apsis, it plak dêr't ynearsten de rjochter of bestjoerder siet, waard it plak foar de biskop of de preester.

Letter waard de apsis de ôfsluting fan it koer, nei't der ferlet fan in gruttere romte ûntstien wie meidat de preester en muontsen harren njonken it alter opstelden om te sjongen. Doe waard ek it haadalter ferset fan de krusing nei de apsis. De term apsis wurdt foaral brûkt yn it ramt fan de romaanske styl; by de gotyk wurdt ek wol fan in koersluting sprutsen.

By in protte tsjerken is de apsis net dúdlik fan it koer te ûnderskieden, de hichte fan de apsis is yn dat gefal lyk oan de hichte fan it koer. By in grut part fan de tsjerken is de hichte fan de apsis lykwols leger as de koerhichte, dêrtroch is de apsis oan de bûtenkant fan it gebou dúdlik te ûnderskieden fan it koer.

In apsis kin ek tsjin in sydboek of in transeptarm boud wurde as sluting fan in kapel. Oan de achterkant fan de tsjerke binne yn dat gefal trije apsiden neist elkoar te sjen. De St. Mariatsjerke yn Gengenbach (Dútslân) hat sels fiif apsiden, ien ôfsluting fan it koer, twa ôfslutingen fan de sydboeken en twa ôfslutingen oan de transept-earmen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ABSIDE (UITBOUW IN KERK), P.A.F. van Veen en N. van der Sijs (1997), Van Dale Etymologisch woordenboek.
  2. absidiool (absidekapel), Nicoline van der Sijs, (2010), Etymologiebank, op http://etymologiebank.nl/