Springe nei ynhâld

Sint-Jehannes Bertetsjerke (Heechwâld)

Ut Wikipedy
Sint-Jehannes Bertetsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Opmeer
plak Heechwâld
adres Hearewei 7/Tsjerkepaad
koördinaten 52° 42'N 4° 56'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Haarlim-Amsterdam
patroanhillige Jehannes de Doper
Arsjitektuer
arsjitekt Th. Molkenboer
boujier 1863-1865
monumintale status provinsjaal monumint
Webside
Side parochy
Kaart
Sint-Jehannes Bertetsjerke (Noard-Hollân)
Sint-Jehannes Bertetsjerke

De Sint-Jehannes Bertetsjerke is in roomske parochytsjerke yn it Noard-Hollânske doarp Heechwâld.

De parochy makket diel út fan de 'Regio De Waterkant', in gearwurkingsferbân fan meardere parochy's, dy't fierhinne selstannich binne en in eigen idintiteit ha.[1]

Yn 2023 waard bekend dat de tsjerke ien fan 'e 9 katolike tsjerken fan it gearwurkingsferbân is, dy't skielk ôfstjitten wurde sil. Foar de Jehannestsjerke sil dat yn in termyn fan maksimaal tsien jier barre. It gearwurkingsferbân hâldt dan allinne de roomske tsjerke fan Wognum oer.[2]

De Jehannes Bertetsjerke is in grutte trijeskippige krústsjerke. De tsjerke stiet oan 'e Hearewei mei de toer oan de eastlike kant en it fiifsidige koer oan 'e westlike kant. De toer hat in achthoekige boppebou, werfan't de spits oant 1965 mei laaien dutsen wie. Tsjintwurdich is de spits mei koperplaat beklaaid. Oan 'e westlike kant leit it parochytsjerkhôf.

De eardere Sint-Jehannes Bertetsjerke wie om it jier 1490 hinne boud. Dat wie in foarse krústsjerke, dy't nei de reformaasje troch de protestanten brûkt waard en yn 1674 by swier waar ferneatige waard. De katoliken fierden yn dy tiid de misse yn skûltsjerken of saneamde staasjes.

De yn 2017 boude Marijekapel

Nei't in rike boer yn 1782 twa stikken lân oan 'e staasje skonk, koene de katoliken in houten tsjerkje boud wurde. In stiennen tsjerke folge yn 1822 it houten tsjerkje op, mar ek dy tsjerke wie ek al rillegau te lyts.

Der waard jild ynsammele foar nijbou, mar om't der net genôch wie, waard op 19 jannewaris 1862 besletten dat de bou net trochgyng. Dêr woe de pastoar neat fan witte en hy die trije útstellen: dan gjin dwersskip, of in koarter preesterkoer of hielendal gjin toer. Besletten waard om dan ynearsten mar gjin toer te bouwen. De earste stien foar de nije tsjerke waard op 16 desimber 1863 lein. De tsjerke waard boud, mar in selsskip fan parochianen bleau krewearjen foar in toer en it risseltaat wie dat it jild der dochs kaam en ek de toer boud wurde koe. Arsjitekt Molkenboer soe de foltôging fan syn wurk sels net mear meimeisje, syn soan Willem makke de bou ôf.

Op 17 july 1865 waard de tsjerke troch biskop Wilmer fan Haarlim ynwijd.

Yn 2017 waard noardwestlilk fan de tsjerke in lytse Marijekapel boud.

It oargel fan de Jehannes Bertetsjerke is fan Ypma út Alkmaar. It waard yn 1873 boud en de traktuer is letter elektro-pneumatysk makke.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: