Sint-Jakobustsjerke (Lisieux)

Ut Wikipedy
Sint-Jakobustsjerke

Église Saint-Jacques

Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
regio Normandje
departemint Calvados
plak Lisieux
adres 21, rue Henry-Chéron BP 87222
koördinaten 49° 08' N 0° 13' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
patroanhillige Apostel Jakobus
status Untwijd, kulturele funksje
Arsjitektuer
arsjitekt Guillemot de Samaison
boujier 1496-1540
boustyl Gotyk
monumintale status histoarysk monumint
Kaart
Sint-Jakobustsjerke (Frankryk)
Sint-Jakobustsjerke

De Sint-Jakobustsjerke (Frânsk: Église Saint-Jacques) is in histoarysk monumint yn Lisieux yn de Frânske regio Normandje. De tsjerke waard boud yn it plak mei deselde namme, Saint-Jacques, dat oant 1801 Saint-Jacques et Saint-Germain de Lisieux hiet. Nei't Saint-Jacques yn 1960 by Lisieux foege waard, waard de letgoatyske tsjerke sletten foar de earetsjinst en ûntwijd. Tsjintwurdich hat de tsjerke in kulturele funksje. Eigner is de gemeente Lisieux.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it plak stie oarspronklik in ienfâldige, yn 1132 fergrutte kapel. Yn de 15e iuw waard de tsjerke yn de hjoeddeiske foarm boud. De earste stien waard yn 1496 lein. It koer waard foltôge yn 1501, wylst de lêste stien fan it skip yn 1540 lein waard, itjinge ek it jier fan ynwijing wie. De tsjerke waard wijd oan de apostel Jakobus.

De boumaster wie Guillemot de Samaison, dy't in letgoatysk, trijeskippich gebou fan alve traveeën lang mei sydkapellen sûnder transept en in eastlik koer mei in rjochthoekige sletten apsis delsette. It ynterieur is oerkape mei in fjouwerdielich ribferwulft. De toer waard nea foltôge.

It earste nivo bestiet út grutte pylders mei spitsbôgen, it twadde nivo wurdt foarme troch it trifoarium mei in iepen balustrade en it tredde nivo bestiet út in rige ramen yn de flamboyante goatyske styl. De legere sydbeuken hawwe ek in ribferwulft. It plan fan de tsjerke is ienfâldich, mar de dekoraasjes binne tige útwrydsk mei in oerdied oan bylden, wetterspijers, pinakels, kroanlisten en maaswurk.

Sûnt 1901 is de tsjerke in histoarysk monumint. By it bombardemint yn 1944 op de stêd troch de alliearde troepen waard de tsjerke tige slim skansearre. Allinne de muorren bleaune stean en de ynvintaris gyng ferlern. Nei de Twadde Wrâldkriich is de tsjerke sa sekuer mooglik restaurearre. De bygebouwen dy't de tsjerke by de apsis flankearren, dêr't de sakristy yn ûnderbrocht wie, binne net rekonstruearre.

Doe't de gemeente Saint-Jacques yn 1960 opgyng yn de gemeente Lisieux waard de tsjerke wat letter ûntwijd en sletten foar de earetsjinst. De tsjerke is allinne iepen as der in eksposysje is.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: