Springe nei ynhâld

Lisieux

Ut Wikipedy
Lisieux
Theresiabasilyk
Theresiabasilyk
Emblemen
Bestjoer
Lân Frankryk
RegioNormandje
DepartemintCalvados
Sifers
Ynwennertal19.645 (2023)[1]
Oerflak13,07 km²
Befolkingsticht.1.503 ynw./km²
Hichte32-152 m
Oar
Postkoade14100
TiidsôneUTC +1
Koördinaten49° 08' N 0° 13' E
Offisjele webside
www.ville-lisieux.fr
Kaart
Lisieux (Frankryk)
Lisieux

Lisieux is in stêd en gemeente yn it Frânske departemint Calvados yn 'e regio Normandje. Lisieux leit oan 'e Touques. It is in ûnderprefektuer fan 'e Calvados en it haadplak fan it arrondissemint Lisieux en fan trije kantons. Ek is Lisieux it wichtichste plak fan it Pays d'Auge. De stêd is in katolyk beafeartsplak foar de hillige Theresia fan Lisieux.

Lisieux leit op it plak dêr't de Touques en ferskillende sydrivieren gearrinne: de Orbiquet, de Cirieux en de Graindain.

De stêd leit yn it hert fan it Pays d'Auge, wêrfan't Lisieux de haadstêd is. It leit midden yn it foar Normandje karakteristike kûlissenlânskip, dêr't fral molkkij greidzje en siderapels (dêr't sider en de drank calvados fan makke wurdt) teelt wurde.

Lisieux is de âlde haadstêd fan it Gallyske folk de Lexovii. Nei de fal fan it Romeinske Ryk waard de stêd in biskopsstêd. De biskoplike sit waard ferlitten en bleau in skoftke leech by de ynfallen fan 'e Wytsings. Yn 'e 10e iuw waard de stêd plondere troch Rollo, de earste hartoch fan Normandje. Yn 'e tiid fan it hartochdom waard in romaanske katedraal boud, dy't letter ferfongen is troch in goatyske katedraal. Oan 'e begjin fan 'e Hûndertjierrige Kriich waard de stêd op 2 augustus 1346 troch troepen fan Edwert III ferneatige.

Ald-Lisieux, Bûtermerk.

Nei de hillichferklearring fan karmelitesse Sint-Theresia waard op ien fan 'e heuvels om Lisieux de grutste Frânske tsjerke fan 'e 20e iuw boud: de basilique Sainte-Thérèse. De neobyzantynske tsjerke ferkrong al gau de âlde katedraal, dy't in parochytsjerke waard. De devoasje ta de hillige Sint-Theresia, dy't yn 'e Karmel fan Lisieux wenne, makke fan Lisieux it op ien nei wichtichste beafeartsplak fan Frankryk. Allinne Lourdes wurdt noch drokker besocht.

Oant 1944 wie Lisieux ryk oan smelle strjitsjes mei midsiuwske fakwurkhûzen en fersierde gevels, mar op 6 en 7 juny waard de stêd troffen troch alliearde bombardeminten. Mear as 800 minsken kamen by it kriichsgeweld om en de stêd waard foar twatredde ferneatige. Under de gebouwen dy't ferlern gyngen wie ek it kleaster fan 'e Benediktinen, tweintich nonnen liet it libben. De stêd waard op 23 augustus 1944 befrijd.

Yn 1960 waard de oanbuorjende stêd Saint Jacques by Lisieux foege.

Op 2 juny 1980 kaam paus Jehannes Paulus II nei Lisieux by syn earste besite oan Frankryk om te bidden by de tome fan Sint-Theresia.

Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier19621968197519821990199920062018
Ynwennertal21.15623.83025.52124.94023.70323.16623.34320.171
Boarnen: Cassini en INSEE

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Musée d'Art et d'Histoire de Lisieux, 38 boulevard Pasteur
  • Musée de cire (Museum by de basilyk mei waksfoarstellings út it libben fan Sint-Theresia)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. City Population