Springe nei ynhâld

Sint-Barbarakatedraal (Breda)

Ut Wikipedy
Sint-Barbarakatedraal
Lokaasje
provinsje Noard-Brabân
plak Breda
adres Prinsenkade
koördinaten 51° 35' N 4° 46' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
patroanhillige Barbara fan Nikomeedje
status katedraal: 1875-1968
Arsjitektuer
arsjitekt Pierre Cuypers
boujier 1865-1869
sloopjier 1968
boustyl Neogotyk
Kaart
Sint-Barbarakatedraal (Breda-Sintrum)
Sint-Barbarakatedraal

De Sint-Barbaratsjerkeyn Breda wie in eardere katedraal fan it bisdom Breda.

De tsjerke mei de nea foltôge tuorren.

De tsjerke stie eartiids oan 'e de Prinsenkade en tichteby yn 'e binnenstêd fan Breda. Yn 1865 waard mei de bou neffens in ûntwerp fan Pierre Cuypers útein set en yn 1869 wie de tsjerke foltôge. It wie in neogoatyske krústsjerke mei fiif skippen en dêrmei wie it ien fan 'e grutste tsjerken fan Cuypers. De doe nije tsjerke ferfong in skûltsjerke út 1709 oan 'e Tolburgstraat.

De wijing fan 'e tsjerke fûn yn 1869 plak. Yn 1883 boude de firma Anneessens in oargel yn 'e tsjerke.

Ynterieur

Yn 1853 waard it Apostoalysk fikariaat Breda yn in echt bisdom omset en der wie doe ek in katedraal nedich. Dat waard de Sint-Antoniustsjerke, mar dy eardere parochytsjerke wie net grut en hie boppedat net it oansjen fan in katedraal. Nei de wijing fan de Barbaratsjerke krige dy tsjerke yn 1875 de status fan katedraal.

Yn 'e jierren 1960 ûntfolke de binnenstêd fan Breda en waarden der nije wenwiken boud, dêr't moderne tsjerken nedich wiene. Boppedat wiene de ûnderhâldskosten fan 'e âlde tsjerke heech. Sa waarden de grutte roomske tsjerken yn 'e Bredaaske binnenstêd oerstallich.

As earste waard de Marije-Himelfearttsjerke sletten en yn 1967 ôfbrutsen. Doe't it yn 1968 ek wis wie dat de Barbaratsjerke sloopt wurde soe, waard de moderne Michaeltsjerke yn it Brabânpark de nije katedraal. Doe't ek de Michaeltsjerke sletten en ôfbrutsen waard, is de Antoniustsjerke yn 2001 op fersyk fan biskop Tiny Muskens op 'e nij de katedraal fan it bisdom woarn.

It oarspronklike ûntwerp (Katolike Yllustraasje 1869-1870 nr 49 side 388

Fan 'e trije tuorren yn 'e plannen fan Cuypers waard allinne de krusingstoer ôfboud. De twa tuorren fan 'e eastlike gevel binne nea foltôge. In print fan H.W. Bewer fan it ûntwerp fan Cuypers lit sjen dat de krusingstoer en de lofter geveltoer achtkante spitsen tusken fjouwer topgevels krije moasten. Yn it ûntwerp ûntbrieken dy gevels by de rjochter toer en gie it muorrewurk flak troch oant de spits, dêr't fjouwer pinakels op 'e hoeken fan 'e toer stiene.

Yn 'e jierren 1960 waard besletten dat de Barbaratsjerke ôfstjitten waard. Dat fûn yn 1968 plak en tusken 1969 en 1970 waard it monumintale gebou ôfbrutsen. It grutte Anneessens-oargel en in grut part fan 'e ynrjochting en oanklaaing fan 'e tsjerke binne ferlern gien.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: