Simone West

Ut Wikipedy
Simone West
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 novimber 1979
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20042006
offisjele webside
gjint

Simone West, echte namme ûnbekend (Los Angeles, 27 novimber 1979), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk komôf. Hja sette yn 2004 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in stikmannich films. Yn 2006 beëinige West har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

West waard yn 1979 berne yn Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Yn 2005, doe't se 26 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn in tritichtal films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as New Sensations, Evil Angel, Red Light District, Zero Tolerance, Jules Jordan Video en Digital Sin.

Dêrnjonken wie West ek wol yn 't spier foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions, Metro, Legend Video en Jon Dough Productions. Se wurke dêrby gear mei manlike tsjinspilers as Erik Everhard, Manuel Ferrara, Jon Dough, Brandon Iron, Mr. Pete en Michael Stefano. Njonken har aktearwurk wie West ek wol aktyf as neakenmodel. Yn 2006 loek se har út 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

West is swart, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 54 kg, en in natuerlike kupmaat 34C. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings, mar wol hat se in tatoeaazje op har rjochterskouder en teffens in ûnderrêchtatoeaazje.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: