Springe nei ynhâld

Jon Dough

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jon Dough Productions)
Jon Dough
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Chuck Long, John Doe,
Chad Sanders, Jan Sanders,
Rock Taylor, Chet Sanders,
Chet Anuszek, John Doc,
Jon Doc, Sam Snatch
echte namme Chester Anuszak
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 12 novimber 1962
berteplak Lancaster (Pennsylvania)
stoarn 27 augustus 2006
stjerplak Chatsworth (Kalifornje)
etnisiteit Poalsk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur, regisseur
jierren aktyf 19852006
offisjele webside
gjint

Jon Dough, echte namme: Chester Anuszak (Lancaster (Pennsylvania), 12 novimber 1962Chatsworth (Kalifornje), 27 augustus 2006), wie in Amerikaansk pornoakteur en pornoregisseur fan etnysk Poalsk komôf, dy't yn it begjin fan syn karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Chuck Long, John Doe, Chad Sanders, Jan Sanders, Rock Taylor, Chet Sanders, Chet Anuszek, John Doc, Jon Doc en Sam Snatch. De skûlnamme dêr't er ûnder bekend wurden is, Jon Dough, ferwiist nei (en wurdt itselde útsprutsen as) John Doe, de namme dy't Amerikaanske plysjetsjinsten brûke om in ûnidentifisearre persoan (libben of dea) mei oan te tsjutten. Yn in karriêre dy't rom tweintich jier besloech, spile Dough yn mear as 1.200 pornofilms en regisearre er goed 70. Yn 2006 makke er mei 43 jier in ein oan syn eigen libben troch yn it tou te gean.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dough waard yn 1962 berne yn Lancaster, yn 'e noardeastlike Amerikaanske steat Pennsylvania, en groeide op yn in stielstedsje yn deselde steat. Yn 1985 studearre er ôf yn 'e biology oan it Albright Kolleezje yn Reading. Datselde jiers noch ferfear er nei Los Angeles om dêr útein te setten mei in wurkpaad as pornoakteur, nei't er fia syn broer, dy't as neakenmodel posearre foar homoblêden, by de seksyndustry belutsen rekke wie.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Dough yn syn 21 jier duorjende karriêre yn 1.217 pornografyske films (al sitte dêr in stikmannich dûblueres yn, mei't kompilaasjes fan earder wurk meiteld binne). Hy wurke in protte foar sokke foaroansteande studio's as Red Light District, Devil's Film, Anabolic Video, VCA Pictures, Elegant Angel, Diabolic Video, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Sin City, Zero Tolerance, Evil Angel, Jules Jordan Video en Hustler Video, mar ek wol foar minder bekende labels, wêrûnder Seymore Butts Home Movies, Extreme Associates en Platinum X Pictures. Ien fan 'e bekendste films dêr't Dough yn spile, wie Babewatch, in pornografyske parody út 1994 op 'e doedestiden populêre aksjesearje Baywatch.

Jon Dough mei syn frou Monique DeMoan, yn 2005.

Ek wie Dough geregeldwei bûten de Feriene Steaten aktyf, dêr't er bgl. wurke foar it Dútske Sascha Alexander Productions en it Sweedske Private. Fierders wied er tusken 1994 en 2005 ek wurksum as regisseur fan yn totaal 71 pornofilms, benammen foar de studio's Anabolic Video, Devil's Film, Vivid Entertainment en Diabolic Video. Dêrnjonken rjochte er syn eigen produksjebedriuw op, Jon Dough Productions, wêrfoar't er sels as akteur sawol as regisseur yn 't spier wie.

Under syn karriêre wurke Dough gear mei aktrises as Brigitte Aime, Alexis Amore, Anna Amore, Brittany Andrews, Eva Angelina, Davia Ardell, Briana Banks, Lanny Barbie, Belladonna, Johnni Black, Bunny Bleu, Veronica Brazil, Christy Canyon, Asia, Asia Carrera, J.R. Carrington, Tabatha Cash, Catalina, Kimberly Chambers, Channone, Danyel Cheeks, Vivienne Clash, Monique Covét, Ivy Crystal, Courtney Cummz, Daisy Marie, Racquel Darrian, Jewel De'Nyle, Barbara Doll, Donita Dunes, Helen Duval, Lacey Duvalle, Allura Eden, Bobbi Eden, Alana Evans, Sophie Evans, Rita Faltoyano, Jeanna Fine, Ashlyn Gere, Nina Hartley, Jenna Haze, Tera Heart, Kylie Ireland, Janet Jacme, Jewels Jade, Jenna Jameson, Audree Jaymes, Jessica Jewel, Katja Kassin, Katsuni, Jill Kelly, Bridgette Kerkove, Renee LaRue, Dyanna Lauren, Melissa Lauren, Shayla LaVeaux, Sally Layd, Francesca Le, Heather Lee, Jordan Lee, Lucy Lee, Miko Lee, Leila Lei, Janine Lindemulder, Lisa Ann, Cara Lott, Jade Marcela, Nyomi Marcela, Gianna Michaels, Mariah Milano, Tonisha Mills, Mimi Miyagi, Tiffany Mynx, Brittany O'Connell, Kelly O'Dell, Olivia O'Lovely, Brittany O'Neil, Papillon, Kascha Papillon, Victoria Paris, Moana Pozzi, Taylor Rain, Olivia del Rio, Sativa Rose, Adriana Sage, Silvia Saint, Savannah, Alexandra Silk, Domonique Simone, Aurora Snow, Charmane Star, Delilah Strong, Shyla Stylez, Stephanie Swift, Kobe Tai, Mika Tan, Julia Tchernei, Lucy Thai, Agnes Tilli, Coralie Trinh Thi, Bianca Trump, Stacy Valentine, Dana Vespoli, Taylor Wane, Teri Weigel, Tori Welles, Kelly Wells, Simone West, Zara Whites, Wendy Whoppers, Rebecca Wild, Lilli Xene, Sarah Young en Kitty Yung.

Yn 1997 kaam by Vivid de film The World's Luckiest Man út, wêryn't Jon Dough op ien dei seksuële omgong hie mei 101 ûnderskate froulju. Dy film wie neitiid de earste dvd dy't publisearre waard troch Larry Flynt syn Hustler-korporaasje. Op 'e fraach oft syn optreden yn dy film dreech west hie, antwurde Dough yn in fraachpetear: "Dochs wol wàt. Ik soe it net wer dwaan wolle. It wie leuk foar in kear; we krigen in protte oandacht yn 'e media en ik hie der dat jiers in soad profyt fan. It wie in ien-kear-mar-nea-wer-barren, en dat fertelle oare akteurs my ek. Mr. Marcus, Bobby Vitale en Erik Everhard hawwe allegearre ek soksoarte films makke en se sizze allegear itselde: 'Nea wer.' "

Dough kaam fierders yn 1999 yn it nijs doe't er by de opnames fan 'e film Rough Sex, foar Anabolic Video, syn tsjinspylster Vivian Valentine in blau each sloech. Valentine sei lykwols yn in fraachpetear mei de Britske krante The Guardian: "Ik haw der gjin spyt fan en ik koesterje der ek gjin wrok oer." Troch de jierren hinne wûn Dough sân AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld), en dêrnjonken ek noch trije XRCO Awards. Boppedat waard er yn 1998 ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame en yn 2006 as lid fan 'e XRCO Hall of Fame.

Priveelibben en ferstjerren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1989 oant 1994 wie Jon Dough troud mei pornoaktrise Deidre Holland, mar dat houlik einige yn in skieding. Hy wertroude letter mei in oare pornoaktrise, Monique DeMoan, by wa't er yn 2002 in dochter krige. Op 27 augustus 2006 makke Dough yn syn hûs yn Chatsworth, in wyk fan Los Angeles, in ein oan syn libben troch yn it tou te gean. It wie syn frou Monique dy't syn stoflik omskot ûntdiek.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1992 AVN Award wûn bêste byrol fan in akteur (film) Brandy & Alexander
XRCO Award wûn bêste akteur Brandy & Alexander
1994 AVN Award wûn bêste groepsekssêne (film) (mei Francesca Le, Tiffany Million, Lacy Rose, Rocco Siffredi en Crystal Wilder) New Wave Hookers 3
XRCO Award wûn bêste akteur (inkel optreden) New Wave Hookers 3
1995 AVN Award nominearre bêste byrol fan in akteur (film) Dog Walker
wûn bêste byrol fan in akteur (film) Sex
wûn manlike artyst fan it jier n.f.t.
XRCO Award wûn manlike artyst fan it jier n.f.t.
1996 AVN Award wûn bêste akteur (fideo) Latex
1997 AVN Award wûn bêste akteur (fideo) Shock
1998 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.
1999 AVN Award wûn bêste sekssêne mei in pearke (film) (mei Stephanie Swift) Shipwreck
2004 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne (fideo) (mei Friday en Trinity) Blow Me Sandwich 3
nominearre bêste anale sekssêne (fideo) (mei Marika en Erik Everhard) World Sex Tour 27
2006 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne (fideo) (mei Jersey Jaxin en John Strong) Teen Fuck Holes 2
XRCO Award ynhuldige XRCO Hall of Fame n.f.t.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.