Sileenske smjunt
Sileenske smjunt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Mareca sibilatrix | ||||||||||||
Poeppig, 1829 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
briedfûgel wintergast |
De Sileenske smjunt (Mareca sibilatrix) is in einesoart út it skaai smjunten (Mareca). De fûgel libbet yn it súdlike diel fan Súd-Amearika en op 'e Falklâneilannen. Alhoewol't de soarte yn Sily bot bejage wurdt, wurdt de ein neffens it IUCN net yn syn bestean bedrige.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sileenske smjunten wurde tusken de 43 en 54 sm lang en harren wjukken binne tusken de 23,5 en 27,4 sm. Se wege tusken 828 en 939 gram. Jerkjes binne trochstrings wat grutter en swierder boud. De seksuële dimorfy is fierder beheind.
Oant it each is de kop oan 'e foarkant wyt, fierder is de hals en efter de kop swart mei tusken it swart op it wang noch in ljochte flek. De swarte dielen fan 'e kop glânzgje grien, dat by it jerkje opfallender is as by it wyfke. It mantsje hat op 'e flanken readbrune kleuren, wylst it readbrún fan it wyfke dêr skier is. De fearren op 'e rêch binne griis mei wyt. It boarst is wyt mei in patroan fan fine swarte weachjes. Fanwegen de fariaasjes yn 'e fearrren is it lykwols net mooglik om mei wissichheid it geslacht op basis fan 'e fearren fêst te stellen.
De snaffel is blaugriis mei in swarte snaffelpunt. De poatsjes binne griis en de eagen donkerbrûn.
Grutte einepiken lykje wat de kleuren oanbelanget in soad op 'e folwoeksen fûgels, mar de readbrune kleuren op de flanken binne net of minder oanwêzich.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sileenske smjunt libbet yn it suden fan Súd-Amearika. De noardlike grins fan 'e fersprieding fan it briedgebiet leit yn Argentynje by 36° S en yn Sily byi 40° S. In lyts diel fan 'e populaasje briedt op 'e Falklâneilannen. Dwaalgasten komme somtiden op Súd-Georgje, de Súdlike Orkneyeilannen en de Súdlike Shetlâneilannen foar.
Sileenske smjunten binne foar in part trekfûgels as it gebiet dêr't se libje dat needsaaklik makket. De fûgels fan it súdlikste stik fan Súd-Amearika oerwinterje yn it noarden oant yn it suden fan Brazylje. De populaasje op de Falklâneilannen binne stânfûgels.
De IUCN rûst it oantal Sileenske smjunten op 100.000 oant 1.000.000 folwoeksen yndividuën en giet der fan út dat it oantal yn it fierder grutte ferspriedingsgebiet stabyl is.
Sileenske smjunten libje oan flakke lagunes, oan marren fan 'e Pampa en Patagoanje, oan rivieren en lytse opslachmarren en hawwe in foarkar foar fosfaatryk wetter. Se ite foar de haadsaak planten, leafst wetterplanten, mar ek gers. Ut en troch wurde se ek opstrewearre as se grienwier fan rotsen oan 'e kant fan marren frette.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De briedtiid leit tusken septimber en desimber as it op it súdlike healrûn maaitiid is. De pearkes bouwe harren nêst yn it gers en ûnder strewellen. Der wurdt acht oant tsien wite of ljocht-krêmkleurige aaien lein, dy't nei 24-25 dagen útkomme. Ek it jerkje helpt by it grutbringen fan 'e piken, mar ferlit it wyfke mei de piken as it oan it ferfearjen ta is. As it ferfearjen oer is komt er werom by syn famylje.
Sierfûgel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste Sileenske smjunten binne tusken 1870 en 1871 nei Europa brocht en krigen al gau mei sukses piken yn 'e dieretunen. Fanwegen de moaie kleuren wurdt de fûgel ek hjoed-de-dei in soad as sierfûgel holden. Ut en troch wurdt de Sileenske smjunt as eksoat ek yn Nederlân sjoen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Chilepfeifente
|