Sier (skip út 1994)
Sier | ||
algemiene ynformaasje | ||
flagge | Nederlân | |
thúshaven | It Amelân | |
eigner | Wagenborg | |
skiednis | ||
werf | Skipswerf Bijlsma, Warten | |
kyllizzing | jannewaris 1994 | |
tewetterlitting | 1 oktober 1994 | |
oplevere | febrewaris 1995 | |
yn de feart | peaskedagen 1995 | |
status | Yn tsjinst | |
bysûnderheden en sifers | ||
type | Fear | |
lingte | 73 m. | |
breedte | 15,9 m. | |
djipgong | 1,7 m. | |
passazjiers | 1200 | |
oandriuwing | 4 Caterpillar 3508TA dieselmotoren (4x 745 kW), waterjets | |
maks. faasje | 10 knopen (19 km/o) |
De Sier is in skip fan rederij Wagenborg en wurdt tegearre mei susterskip Oerd brûkt foar de feartsjinsten tusken Holwert en It Amelân.
It skip is lykas it susterskip ferneamd nei it yn see ferdwûn doarp Sier op It Amelân. Sier wie in fiskersdoarpke oan de uterste westpunt fan it eilân, westlik fan Hollum, dat om 1730 hinne yn de weagen ferdwûn. It is it twadde skip dat by Wagenborg ûnder dizze namme fart. It earste skip waard omdoopt ta Rottum en wurdt sûnt 1995 ynset op 'e ferbining tusken Lauwerseach en Skiermûntseach.
Nettsjinsteande dat de skippen dy't op It Amelân farden, noch mar tsien jier âld wiene, die bliken dat ze de hieltyd groeiende passazjiersstream net folslein ferwurkje koene. Dêrom waarden der yn de jierren 90 plannen makke foar in nij skip. De rûte Holwert-It Amelân stelde troch it lestige soal lykwols spesjale easken oan in nij te bouwen skip, dat in gruttere kapasiteit krije soe. Ek moast de tsjinst yn minder geunstige waartypen fearn wurde: iisgong, leech- én heechtij en by hurde wyn. Ek waard as eask steld dat it skip foar elke passazjier in sitplak hawwe moast; in primeur foar Nederlân.
De Sier is boud troch skipswerf Bijlsma yn Warten. Op 1 oktober 1994 waard it skip doopt troch Annemarie Jorritsma, de doetiidske minister fan Ferkear en Wettersteat.
Desimber 2010 kaam de Sier in pear hûndert meter út de kust fan Holwert yn oanfarring mei it baggelskip Seelân. Nimmen rekke ferwûne en de Sier makke gjin wetter, mar De Sier rûn al skea op oan it stiel oan bakboard en ien fan de boechkleppen die it net mear. Yn april 2022 waard it skip troffen troch in brân yn de masinekeamer. De Sier wie dêrnei in oantal wiken út tsjinst.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|