Sicko Heldoorn
Sicko Heldoorn | ||
Algemien | ||
Folsleine namme | Klaas Sikko Heldoorn | |
Berne | 6 septimber 1956 | |
Berteplak | Snits | |
Partij | PvdA | |
Titels | drs. | |
Politike funksjes | ||
1987-2002 | lid Provinsjale Steaten fan Fryslân | |
1989-1992 | fraksjefoarsitter PvdA-Fryslân | |
1992-2002 | lid Deputearre Steaten fan Fryslân | |
2002-2007 | boargemaster fan Opsterlân | |
2007-2013 | boargemaster fan Assen | |
2014-2017 | waarnimmend boargemaster fan Dantumadiel | |
2018-2019 | waarnimmend boargemaster fan Huizen | |
2020-2021 | waarnimmend boargemaster fan Wetterlân | |
2021-no | waarnimmend boargemaster fan Heemskerk |
Klaas Sikko (Sicko) Heldoorn (Snits, 6 septimber 1956) is in Nederlânsk PvdA-politikus.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heldoorn studearre sosjology oan de Ljouwerter subfakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins. Hy waard yn de jierren '70 bestjoerslid fan de ôfdieling Huzum fan de PvdA. Letter krige er in sit yn it gewestlik bestjoer fan de partij. Yn 1987 waard er lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân, neist syn baan as konsulint fan de Stichting Samenwerking Dorpshuizen in Friesland. Twa jier letter waard er foarsitter fan de PvdA-fraksje. Yn 1992 waard er keazen ta lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân. Yn 1999 waard er lid fan it deistich bestjoer fan it Ynter Provinsjaal Oerlis (IPO) en foarsitter fan de IPO-kommissy wetter, miljeu, natuer en lânbou.
Yn 2002 waard Heldoorn boargemaster fan Opsterlân. Itselde jier waard er troch de Ljouwerter wettersportferienigingen de Meeuwen en LWS beneamd ta 'Wettersporter fan it Jier', fanwege syn ynset foar it baggerbeliedsplan fan de Fryske wetterwegen. Fan 2002 oant 2010 wie er dêrneist foarsitter fan de Kombinaasje fan Beropsfiskers.[1] Maart 2012 waard Heldoorn beneamd ta foarsitter fan de Feriening foar Beropsskipfeart BBZ.
In 2007 ferruile Heldoorn Opsterlân foar it Drintske Assen, dêr't er Dineke van As-Kleijwegt opfolge. Hy bleau dêr oant 2013, doe't er fuortmoast om't de Asser gemeenteried him net foardrage woe foar werbeneaming. Yn 2014 waard Heldoorn ynstallearre as waarnimmend boargemaster yn Dantumadiel. Yn desimber 2017 waard er yn dy gemeente opfolge troch Klaas Agricola. Yn maart 2018 folge syn beneaming ta waarnimmend boargemaster fan de Noard-Hollânske gemeente Huizen.
Sûnt 13 novimber 2019 is Niek Meijer boargemaster fan Huizen. Yn febrewaris 2020 waard Heldoorn beneamd ta waarnimmend boargemaster fan de gemeente Waterland per 2 maart 2020. [ 7 ] Op 11 maart 2021 waard Marian van der Weele boargemaster fan Waterland.[2] Heldoorn waard mei yngong fan 24 juny 2021 beneamd ta waarnimmend boargemaster fan Heemskerk. [3]
Sûnt 1 maart 2024 is Heldoorn foarsitter fan Stichting De Fryske Mole.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk sosjolooch
- Frysk politikus
- PvdA-politikus
- Boargemaster fan Dantumadiel
- Boargemaster fan Opsterlân
- Lid fan de Steaten fan Fryslân
- Frysk deputearre
- Frysk sosjalist
- Nederlânsk sosjolooch
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk boargemaster
- Nederlânsk sosjalist
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Snits
- Persoan berne yn 1956