Klaas Agricola

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Nicolaas Lubertus (Klaas) Agricola (Reahûs, 28 jannewaris 1960) is in Nederlânske politikus fan Frysk komôf.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy waard berne yn Reahûs (yn doe noch gemeente Littenseradiel) dêr't syn âlden in melkfeehâlderij hiene.

Nei in agraryske oplieding gied er oan 't wurk yn de suvelyndustry en letter wie er manager yn de agraryske tsjinstferliening. Dêrneist wie Agricola belutsen by de gemeentlike polityk. Foar de lokale partij 'Gemeentebelangen Dalfsen' kaam er yn 2007 tuskentiidsk yn de gemeenteried fan Dalfsen. Yn 2010 wie er dêr hast acht jier wethâlder. Ein 2017 waard Agricola, hoewol't er gjin lid is fan in lanlike politike partij, boargemaster fan Dantumadiel. Yn jannewaris 2017 is Dantumadiel amtlik fusearre mei de gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân en Nijkrúslân. Dy oare gemeenten binne yn 2019 bestjoerlik fusearre ta de gemeente Noardeast-Fryslân, mar Dantumadiel keas foar it trochgean fan amtlike gearwurking sûnder te fusearjen. Sadwaande is Agricola boargemaster fan in gemeente mei fierhinne gjin eigen amtners.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: