Springe nei ynhâld

ShUM-lokaasjes fan Spiers, Worms en Mainz

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan ShUM-stêden)
Joadehôf, Spiers

De ShUM-lokaasjes fan Spiers, Worms en Mainz besteane út fjouwer ferskillende lokaasjes fan joadsk erfgoed yn 'e Dútske stêden Spiers, Worms en Mainz. It erfgoed is sûnt 2021 ûnder dy namme ynskreaun op 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

It wurd 'ShUM' (שו״מ‎) is in akronym fan de Hebriuwske begjinletters fan Speyer (Spira), Worms (Warmaisa) en Mainz (Magenza).

Joadesân.
De Wikipedy hat ek in side Judensand (Mainz).

It Joadesân yn Mainz is it âldste joadske begraafplak fan Europa.

De Wikipedy hat ek in side Joadehôf (Spiers).

Yn Spiers is de joadehof mei de resten fan in synagoge, in yntakte mikwe, de gebedsromte fan de froulju en de resten fan in jesjiva (religieuze skoalle) ynskreaun.

Synagoge fan Worms.
De Wikipedy hat ek in side Synagoge fan Worms.
De Wikipedy hat ek in side Joadsk begraafplak (Worms).

De stêd Worms hat twa SchUM-lokaasjes: de synagoge fan Worms en it Hillige Sân, it joadske begraafplak.

Sûnt de 10e iuw ûnstiene der oan de Ryn joadske gemeenten: yn Mainz healwei de 10e iuw, yn Worms om 1000 hinne en yn Spiers op syn lêst yn 1084. Nei alle gedachten wiene dy joaden út Frankryk en Itaalje ôfkomstich.

De mienskippen fan de trije gemeenten hiene nauwe kontakten meiïnoar, dy't yn in yntellektuele útwikseling resultearre. Sa waarden dy stêden de widze fan it Asjkenazyske joadendom. Ut alle dielen fan Europa kamen studinten om by de gelearden fan de mienskip te studearjen. Der waarden ek religieuze wetten formulearre, dy't ek no noch fan tapassing binne op in diel fan 'e mienskip, lykas it ferbod op polygamy.

De SchUM-mienskippen oan 'e Ryn hiene faak lêst fan geweld en pogroms. Wylst de biskop fan Speyer der yn 'e tiid fan 'e Earste Krústocht der yn slagge de joaden te beskermjen, ferlearen de autoriteiten fan Mainz en Worms yn 1096 de kontrole op it folk en waarden dêr hûnderten joaden fermoarde. Ek by oare krústochten fûnen der geweldútspattings plak, lykwols op in minder grutte skaal as yn 1096.

De grutte bloei fan de ShUM einige om 1350 hinne. De pest yn 'e 14e iuw en de dêr op folgjende pogroms makken in ein oan de grutte bloei fan de ShUM. Der ûnstiene wol wer joadske mienskippen yn Mainz, Spiers en Worms, mar de ynfloed dy't dy mienskip foarhinne hie op Joadsk Europa wie foargoed foarby.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.