Springe nei ynhâld

Joadsk begraafplak (Worms)

Ut Wikipedy
Heiliger Sand

It Joadske Begraafplak (ek bekend ûnder de namme Heiliger Sand ) yn Worms, Rynlân-Palts, is it âldste, noch bekende joadske begraafplak fan Europa. De namme 'Heiliger Sand' soe ferbân hâlde mei it neffens de oerlevering oanfierde sân út it Hillige Lân, wêrmei it begraafplak ophege waard.

It 158,98 hektare grutte areaal waard nei alle gedachten tagelyk mei de bou fan de earste synagoge fan Worms yn 1034 oanlein, mooglik op it plak fan in eardere sânôfgraving. De âldste grêfstien fan it begraafplak datearret fan 1058. Der binne noch in tal grêven út de 11e iuw, dy't oan de ienfâldige, rjochthoekige foarm en de list om it tekstfjild te werkennen binne. Likernôch deselde stiennen binne dy fan 'e 12e iuw, mar dêr ûntbrekt de list om it tekstfjild.

Yn it jier 1260 waard in muorre om it begraafplak boud. Net allinne de hege âlderdom makket it begraafplak fan belang, der binne ek in grut tal bekende joadske gelearden begroeven. Meiïnoar binne der 2000 grêfstiennen. Nuver is dat de grêven op in inkelde útsûndering nei allegear op it suden oriïntearre binne.

Nei't bûten de stêd yn 1911 in nij joadsk begraafplak oanlein waard, bleau it âlde begraafplak noch in skoft yn gebrûk. De lêste begraffenissen fûnen yn 'e lette jierren 1930 plak.

Grêven fan rabbi Meir von Rothenburg (lofts) en fan Alexander ben Salomo Wimpfen.

Tichteby de yngong binne de grêfstiennen fan Meir von Rothenburg († 1293) en Alexander ben Salomon Wimpfen († 1307). Hja hearre ta de wichtichste grêfmonuminten op it begraafplak en wurde troch joaden út alle lannen besocht. Mear wichtige grêfmonuminten lizze fral yn it saneamde Rabinnental en yn 'e omjouwing dêrfan. Dêr binne de grêven fan rabbi Nathan ben Isaak († 1333), rabbi Jakob ben Moses haLevi Molin, neamd MaHaRil, († 1427), rabbi Meir ben Isaak († 1511) en Elia Loanz, neamd Baal-Schem († 1636).

Yn 'e jierren 1933-1945 lieten de nasjonaalsosjalisten it begraafplak gewurde. By de bombardeminten op 'e stêd waarden yn 1945 in tal grêfstiennen fernield, mar dy binne letter restaurearre.

It begraafplak waard mei oare ShUM-lokaasjes yn 2021 opnommen yn 'e list fan it UNESCO-wrâlderfgoed. 'ShUM' stiet foar de Hebriuwske begjinletters fan Speyer, Worms en Mainz.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: