Springe nei ynhâld

Joadehôf (Spiers)

Ut Wikipedy
Joadehôf.

It Joadehôf (Dútsk: Judenhof) is in histoaryske en argeologyske lokaasje yn it sintrum fan 'e Dútske stêd Speyer. It hôf ûnstie tusken 1104, it jier dat de synagoge ynwijd waard, en de 14e iuw en bestiet út ien fan 'e âldste en bêst bewarre bouwurken fan 'e joadse mienskip yn Dútslân. Tegearre mei oare ShUM-lokaasjes yn Worms en Mainz wie Speyer yn 'e midsiuwen ien fan 'e meast belangrike joadske sintra yn it noarden fan Europa. Fanwegen it histoaryske belang en as tsjûge fan it Europeeske joadske erfgoed waard it Joadehôf yn 2021 opnommen yn it UNESCO-wrâlderfgoed.

Mikwe.

It Joadehôf bestiet út de resten fan de synagoge, it hôf, de gebedsromte foar de froulju, in yntakte mikwe foar it rituele bad en in jesjiva foar stúdzje en ûnderwiis. De synagoge, it hôf en de mikwe binne yn 'e iere 12e iuw boud fan sânstien en de gebedsromte foar froulju en de jesjiva binne fan bakstien yn 'e 13e en 14e iuw boud.

Rekonstruksje synagoge fan 1250.

De synagoge wie yn 'e romaanske styl boud. It is it âldste foarbyld fan in raamkomposysje, dy't wenst wurde soe yn 'e arsjitektuer fan 'e Asjkenazyske joaden mei rûnbôgeramen om in sintraal rûnbôgeraam. By in ferbouwing ferlear de synagoge in soad fan de romaanske boufoarmen. De gebedsromte foar de froulju súdlik oangrinzgjend oan de synagoge waard boud yn heechgoatyske styl mei in ribferwulft. De noardlike en eastlike muorren fan de jesjiva binne de iennige noch besteande boudielen boppe de grûn, mar it is wis dat de jeshiva yn 'e selde styl boud wie as de gebedsromte foar de froulju.

Oan 'e eastlike kant leit de mikwe, dy't ek romaansk fan styl is. De mikwe is ryk fersierd mei byldhou- en mitselwurk. Nei alle gedachten hawwe de wurklju dy't bouden oan de dom fan Speyer ek wurke oan de synagoge en mikwe.

Tsjin it ein fan 'e 11e iuw flechten joaden foar ferfolging yn Mainz nei Speyer. Yn 1084 ûnderskreau biskop Rüdiger Huzmann fan Speyer in dokumint, dêr't er de beskerming fan de joadske mienskip yn fêstlei. De joaden wiene fan belang foar de ekonomy fan Speyer en de beskerming waard troch Hindrik IV, roomsk keizer yn 1090, fierder útwreide. It wie it begjin fan in gouden tiid foar de joaden yn Speyer.

Op 21 septimber 1104 waard it âldste gebou fan it joadehôf, de synagoge, yn gebrûk nommen. De mikwe wurdt foar it earst yn 1126 neamd en is dêrmei de âldst dokumintearre mikwe fan Europa. De ûndergrûnske dielen dêrfan binne al iuwenlang hast net feroare. De synagoge baarnde yn 1196 by in pogrom ôf en waard dêrnei werboud. Healwei de 13e iuw waard de synagoge yn goatyske styl ferboud en waard dernjonken in frouljussynagoge boud. Lang om let waard yn 'e 14e iuw de jesjiva boud.

De joadske mienskip fan Speyer bestie oant it begjin fan 'e 16e iuw. Hoe en wat is fierder net bekend, mar nei it ferfal en de ûntbining fan 'e joadske mienskip waard de synagoge as wapenkeamer brûkt oant de stêd yn 'e Njoggenjierrige Kriich yn 1689 ferneatige waard.

Oant 1999 stiene der hûzen op it terrein. Yn dat jier kocht de stêd Speyer it gebiet op, dy't de net-midsiuwske gebouwen ferwiderje liet.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Jewish courtyard, Speyer