Judensand (Mainz)

Ut Wikipedy
Joadske begraafplak fan Mainz

It Judensand ("Joadesân") yn de Dútske stêd Mainz, dat troch de joaden Magenza neamd wurdt, is ien fan de âldse joadske begraafplakken fan Europa. Op 27 july 2021 waard it Joadesân as ûnderdiel fan de ShUM-sites Speyer, Worms en Mainz útroppen ta UNESCO-wrâlderfgoed .

Midsiuwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in ûnwisse oerlevering waard de grûn yn 1012 troch Mar Samuel en syn frou Rahel oankocht. De Dútske namme Judensand hie nei alle gedachten te meitsjen mei de grûnsoarte, dy't net foar lânbou geskikt wie en dêrom relatyf goedkeap ferkocht waard. It grûnstik lei doe noch bûten de stedsmuorren foar de Munsterpoarte, yn it tsjintwurdige stedsdiel Hartenberg-Münchfeld oan de Mombacher Straße. De âldste fermelding fan it Joadesân datearret út 1286; yn 1397 waard it as joadsk begraafplak fermeld. De foarmen fan de grêven yn Mainz soene letter it foarbyld wurde foar de grêfkultuer fan it Midden-Europeeske joadendom.

Fan de 11e oant de 15e iuw hiene de Mainzer joaden mei ferskillende ferfolgings en ferdriuwings te krijen. Dêrom rekke it begraafplak foar in hiel skoft bûten gebrûk en de grêfstiennen waarden romme en brûkt as boumateriaal. De joaden sochten lykwols hieltiten wer Magenza op en blaasden de gemeente dan wer nij libben yn. Yn 1438 sette de ried definityf alle joaden de stêd út en dêrmei kaam der in ein oan de joadske gemeente. Joaden út de omkriten fan de stêd bleaune lykwols it begraafplak brûken.

Tsjin it ein fan de 15e iuw waard it grutste diel fan it oarspronklike begraafplakj ôfsnien fan de rest. De op dat stik steande grêfstiennen waarden yn de hiele stêd brûkt foar de bou en oalis fan publike wurken en in diel fan de grûn waard troch de stêd foar de wynbou ferpacht. Underierdske grêfkelders en ûnder de grûn lizzende grêfstiennen bleaune bestean, mar de sânige ûndergrûn en mooglik ek fernielings soargen der foar dat der gjin stiennen in situ bewarre bleaun binne.

Nije tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It âlde diel dat letter wer tafoege waard

Yn de 17e iuw bloeide it joadske libben yn Mainz stadichoan wer op en sûnt 1700 wiene der wer mear begrafenissen op it noch besteande diel fan it Joadesân, itjinge 1,85 ha grut is en oant 1813 mei in muorre omfieme waard.

It begraafplak waard yn 1862 wer útwreide mei in diel fan it oarspronklike midsiuwske begraafplak, mar dat soe nea brûkt wurde om't tsjin it ein fan de 19e iuw in nij joadsk begraafplak op it Algemiene Begraafplak oan de Unteren Zahlbacher Straße oanlein waard.

Yn 1937 waarden by in ynvintarisaasje likernôch 1.500 grêfstiennen út it tiidrek 1700 oant 1888 teld.

Fynsten en úwreiding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By wurksumheden yn de stêd of op it eardere begraafplak dûkten regelmjittich midsiuwske grêfstiennen op. De âldste dy't werom fûn waard wie dy fan Jehuda ben Schneor út it jier 1049, dy't hjoeddedei yn it Landesmuseum Mainz bewarre wurdt. Likernôch 100 histoaryske stiennen, dy't as boumateriaal yn de stêd brûkt wiene, koene yn de 19e en oan it begjin fan de 20e iuw werom fûn wurde. Yn 1926 waarden dy stiennen op oantrunen fan de rabinen Sali Levi en Siegmund Salfeld op it yn 1862 útwreide terrein delset. Om te markearjen dat it net om in in situ bewarre grêffjild giet, waarden de stiennen net lykas wizânsje op it tradisjonele easten delset, mar sa dat de besikers in yndruk meitsje koene oer de yn de rin fan de iuwen feroarjende joadske grêfkultuer. It gyng om 210 stienen, mar troch it fersakjen en it erodearjen fan de grûn binne guon wer ferdwûn. Yn 2017 wiene noch 170 stiennen te sjen. Meiïnoar binne der acht stiennen mei ynskriften út de 11e iuw. Dy hearre ta de âldste noch bewarre stiennen dokuminten fan de Mainzer joadske mienskip.

Lêste útwreiding en UNESCO-site[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn augustus 2007 waard by it begraafplak de eardere yn de jierren 1950 boude Lânbouskoalle ôfbrutsen. Al yn de jierren 1950 wiene by de bou fan de skoalle grêfstiennen ûntdutsen en dokumintearre, mar der waard foar keazen om se lizze te litten. It wie it plan om nei de ôfbraak fan de Lânbouskoalle yn 2007 op it frijkommen terrein stedsvilla's te bouwen, mar nei de fynst fan de grêven waard der in boustop ôfkundige om it gebiet troch argeologen yn 'e mande mei ferstjintwurdigers fan de joadske gemeente te ûndersykjen. Om de ivige rêst fan de joaden net te fersteuren keas de stêd Mainz der foar om it gebiet ta te wizen oan it âlde joadske begraafplak.

Sûnt 2004 besochten gemeente- en lânspolitisi om it joadske erfskip fan Speyer, Worms en Mainz op de list fan it UNESCO-wrâlderfgoed te krijen, itjinge yn 2021 offisjeel plakfûn.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.