Springe nei ynhâld

Sewyt

Ut Wikipedy
sewyt
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje snipfûgels (Scolopacidae)
skaai tjirken (Tringa)
soarte
Tringa erythropus
Pallas, 1768
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     wintergast
     dwaalgast

De sewyt (Tringa erythropus) is in fûgel út de famylje fan de snipfûgels (Scolopacidae). In oare fryske namme foar dizze fûgel is de swarte tjirk.

De sewyt wurdt in 29 oant 33 sm grut, mei in wjukspanwiidte fan 47 oant 53 sm. De fûgels wage 135 oant 250 gram. It mantsje is by't simmerdei roetswart, mei lange dûnkerreade poaten. Winterdeis is de fûgel mear griisbrún mei wite flekken. Dan liket er in protte op de tjirk. In ferskil is wol dat de sewyt in langere tinnere snaffel hat. Ek is allinne it begjin fan de ûndersnaffel read en net de hiele snaffel sa as by de tjirk.

De sewyt siket yn de briedtiid sompen en wiete gebieten yn it binnenlân op fan Laplân en Sibearje. Bûten de briedtiid ferbliuwt der meast oan de see en by marren. De measte fûgels oerwinterje yn Afrika mar ek om de Middellânske See hinne. Ek is der in lyts tal fûgels dy't oan de Noardsee yn Nederlân en Grut-Brittanje oerwinterje. Yn Nederlân binne se it meast mei de fûgeltrek te sjen, bygelyks yn de Peazemerlannen.

De sewyt wâdet by it itensykjen faak oant syn bûk yn it wetter yn djipper wetter as de oare Tsjirken, wurdt it noch djipper dan kin er ek wol swimme. De Sewyt yt meast lytse fiskjes, kreeften en wetterynsekten, dy't der yn it ûndjippe wetter siket.

De sewyt bret fan maaie oant july. De fjouwer aaien wurde yn in nêst op de grûn troch it mantsje útbret.