Servaas Zwarts

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Servaas Zwarts (Boazum, 21 febrewaris 1871 - Zeist, 1949) wie opsjenner fan it polderdistrikt De Deelen en arsjitekt.

Op 9 novimber 1900 fêstige hy him út Tsjerkwert wei op It Hearrenfean. Op 1 maaie 1902 ferhuze hy nei it Aenjewierster gedielte fan It Hearrenfean en liet op de 2e Fok nr. 25 - ûnder syn arsjitektuer - in hûs bouwe. Yn 1935 ferhuze hy nei Zeist en wenne dêr oant syn ferstjerren.

As arsjitekt ûntwurp hy ûnder oare de molkfabriken fan Lúnbert en Wâldsein. Foar de feanpolder hat er de plannen fan de útfierde bou fan brêgen en slûzen makke. Hy wie oant 1935 opsjenner fan it 4e en 5e Feandistrikt en fan Feanpolder de Deelen.

Zwarts wie bestjoerslid fan de Keninklike iisferiening Thialf, mei-oprjochter en bestjoerslid fan De Witte Bioskoop. Ek wie hy jierrenlang pastorijefâd fan de Herfoarme gemeente yn Tsjalbert. Lange tiid wurke hy ek as learrar oan jûntekenskoalle op It Hearrenfean. Fierders wied er farsitter fan de Sûnenskommisje yn Skoatterlân.

Yn Lúnbert wie in 'Zwartswei' nei him neamd, dy't yn 1975 feroare waard yn 'Bornegoa'.