Senakeltsjerke (Heilig Landstichting)
Senakeltsjerke | ||
Lokaasje | ||
Provinsje | Gelderlân | |
Gemeente | Berg en Dal | |
plak | Heilig Landstichting | |
adres | Pastoor Rabouplein 1 | |
koördinaten | 51° 49' N 5° 53' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | De Bosk | |
patroanhillige | Antonius fan Padua | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Jan Stuyt y.g.m. Jos Margry | |
boujier | 1912-1915 | |
boustyl | neobyzantynske arsjitektuer | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 523627 | |
Webside | ||
Parochy Hillige Trije-ienheid | ||
Kaart | ||
De Senakeltsjerke yn it Gelderske doarp Heilig Landstichting waard tusken 1913 en 1915 boud as parochy- en beafeartstsjerke. De tsjerke is foar in Nederlânske tsjerkegebou tige bysûnder fanwegen de foarmjouwing en de dekoraasjes, dy't op ierkristlike boukeunst en easterske stilen werom giet.
De tsjerke waard troch Jan Stuyt ûntwurpen en de dekoraasjes binne fan Piet Gerrit. Hja besochten yn 1903 it Hillige Lân om dêr ynspiraasje op te dwaan foar it ûntwerp. Ek Jos Margry, Jan Wiebenga en Jules Bilmeyer wurken mei oan it ûntwerp en de bou.
Yn desimber 2010 waard in yngreven restauraasje foltôge. Op snein 27 febrewaris 2011 waard in iuw nei de ûndertekening fan 'e stiftingsakte in tsjinst fierd om de restauraasje ôf te sluten.
Bou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke ûntstie yn it ramt fan 'e Heilige Land Stichting, dy't foar Nederlânske katoliken de wrâld fan Jezus útbyldzje moast. Neffens it idee fan 'e inisjatyfnimmer preester Arnold Suijs soe in besite oan it kompleks in beafeartskarakter ha en de katoliken de oanbidding fan it Alderhilligste Hert fan Jezus bybringe moatte. De tsjerke foarme dêr in belangrike oanset ta. It gebou waard troch de arsjitekt Jan Stuyt yn in neobyzantynske foarm ûntwurpen, oanfolle mei twa westlike tuorren.
Op 6 jannewaris 1915 waard de tsjerke ynsegene en op 11 juny 1915 fûn de konsekraasje plak.
Pieter Gerrits makke de mozaïken (1920-1923) en de muorreskilderijen (1928-1930). De foarstellings fan 'e mozaïken en skilderijen toane foarstellings út it Evangeelje en de apostelskiednis.
De tsjerke hie trije funksjes: it wie in beafeartstsjerke, in tsjerke dêr't lykas yn 'e Senakeltsjerke op 'e berch Sion fan Jeruzalim yn in grutte kapel de Ivichduorjende oanbidding fan it Hillich Hert plakfûn en de tsjerke wie in parochytsjerke. Hjoed-de-dei is de tsjerke allinne noch in parochytsjerke.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fan beton boude tsjerke is folslein wyt bepleistere. Efter it portaal dat oan beide kanten mei in slanke toer flankearre wurdt, is de sintraalbou, wêrfan't de tamboer fan 'e koepel in trochsnit fan 15 meter hat.
It getal trije komt yn 'e tsjerke in soad werom. Der binne trije tagongsdoarren en de trochgong nei it skip wurdt ek troch trije bôgen foarme. It getal komt fierder by de trochgongen fan it skip nei de trije sydkapellen en de trije trochgongen fan it koer nei de Kapel fan 'e Ivichduorjende oanbidding werom. Ek de ramen binne jimmeroan yn rigen fan trije set. It getal ferwiist nei it nije Jeruzalim, lykas dat neamd wurdt yn 'e Iepenbiering fan Jehannes.
It oarspronklike bankeplan is bewarre bleaun. Yn it preesterkoer stiet in 2,7 m heech krús mei in corpus út 1920. Under it liturgyske reau heart ek in troch Piet Gerrits ûntwurpen monstrâns en siboary.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard yn 1975 as in hûsoargel boud en is yn 1982 troch de firma Verschueren út Heythuisen yn 'e Senakeltsjerke set. It telt 11 registers, 2 manualen en frij pedaal.
Klokken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke hie sûnt 1929 fjouwer klokken: de Antonius, de Jakobus, it angelusklokje Marije en de klok Paulus. De grutste klok Margaretha-Maria Alacoque folge trije jier letter. Dy 1800 kg swiere klok wie ornearre foar de noch te bouwen Hillich Hertbasilyk, mar dy klok ferhûze nei in tydlike toer by de oanbou fan 'e basilyk. De basilyk waard lykwols fanwegen jildbrek net ôfboud en allinne it atrium en it foarportaal waarden boud.
Mei de foardering fan 'e klokken yn 1942 troch de Dútsers besochte de Senakeltsjerke de klokken te hâlden. Ek jitter Eijsbouts besocht de besetter te oertsjûgjen fan 'e wearde fan 'e klokken, mar om 'e nocht. Nei de oarloch moasten fiif nije klokken getten wurde, dy't yn 1949 op it plak hongen waard. De fjouwer lytste klokken waarden yn 'e tuorren hongen, wylst de grutte klok lang om let in plak krige op it efter de tsjerke lizzende begraafplak.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|