Seestrjitte
Appearance
In seestrjitte of see-ingte is in smelle trochgong tusken twa seeën dy't tagelyk de skieding foarmje tusken twa lânmassa's. Seestrjitten binne wichtich foar de skipfeart en dêrtroch fan grut ekonomysk en militêr belang. De ferneamdste seestrjitten yn Jeropa binne de Strjitte fan Gibraltar, de Bosporus en de Sont, dy't alle trije de ienige wetterferbining foarmje mei in grutte binnensee.
List fan wichtige seestrjitten yn Jeropa
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bosporus
- Dardanellen
- Karyske Poarte
- Nau fan Kalais of Strjitte fan Dover
- Sont
- Strjitte fan Gibraltar
- Strjitte fan Kertsj
- Strjitte fan Messina
- Strjitte fan Otranto
- Kanaal fan Malta
- Kanaal fan Sysylje