Strjitte fan Gibraltar
De Strjitte fan Gibraltar (Spaansk: Estrecho de Gibraltar, Arabysk: مضيق جبل طارق), neamd nei de Britske pleats Gibraltar, is de see-ingte tusken Marokko (Afrika) en Spanje (Jeropa). De breedte is 14 oant 44 km, de lengte om-ende-by 60 km en it is op syn djipst 286 m.
De Strjitte fan Gibraltar is tagelyk it ferbiningspunt tusken de Middellânske See en de rest fan de Atlantyske Oseaan. It is dêrom in tige strategysk punt.
De âlde Griken neamden de ingte tusken de beide rotseftige kapen de Pylders fan Herkules, dy't de ein fan de wrâld markearden.
Yn maart 2007 makke de premier fan Spanje, José Luis Rodriguez Zapatero, bekend dat der grutte plannen bestean om in tunnel oan te lizzen ûnder de strjitte. Hjirtroch soe in hegensnelheidstrein ride kinne. Neffens Zapatero sil de tunnel yn beide kontininten soargje foar 'groei, ûntwikkeling en foarspoed'.
De reden dat de Middellânske See (sawat) gjin tij hat, komt trochdat it wetter net genôch tiid hat om troch de Strjitte fan Gibraltar te streamen.
Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Plakken oan de Strjitte fan Gibraltar:
Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
-
Gibraltar
-
De seestrjitte út in fleantúch wei besjoen