Springe nei ynhâld

Karyske Poarte

Ut Wikipedy
Karyske Poarte
geografy
type wetterseestrjitte
lokaasjetusken Nova Sembla en
   it eilân Vajgatsj
lân Ruslân
provinsje Archangelsk
distrikt Nova Sembla
koördinaten70°30′ N, 58°00′ E
ûnderdiel fanBarentssee / Karasee
sifers
maks. lingte33 km
maks. breedte56 km
oerflak1.850 km²
djiptegemiddelde52 m
djipste punt230 m
De lizzing fan it eilân Vajgatsj, mei noardlik dêrfan de Karyske Poarte.
De lizzing fan it eilân Vajgatsj, mei noardlik dêrfan de Karyske Poarte.

De Karyske Poarte of Karastrjitte (Russysk: Карские Ворота; Karskieje Vorota) is in smelle seestrjitte yn de Noardlike Iissee dy't it súdlike eilân Joezjni fan Nova Sembla yn it noarden skiedet fan it eilân Vajgatsj foar de kust fan noardlik Europeesk Ruslân; de strjitte is de ferbining tusken de Barentssee yn it westen en de Karasee yn it easten. De Karyske Poart hat in minimale djipte fan 52 meter. It grutste part fan it jier is de strjitte beferzen.

Dit artikel is in stobbe oer Oerflaktewetter.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.