Nau fan Calais

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Nau fan Kalais)
Jump to navigation Jump to search
Yn it Ingelsk wurdt it Nau fan Calais, de Strjitte fan Dover neamd.

It Nau fan Calais of Strjitte fan Dover is in wetter tusken Grut-Brittanje en Frankryk.

De nammen ferwize nei it plak Calais yn Frankryk en Dover yn Ingelân. It Nau fan Calais ferbynt It Kanaal en de Atlantyske Oseaan yn it westen mei de Noardsee yn it noarden. De trochsneed breedte is 65 km.; tusken Dover en Calais is de breedte mar 33 kilometer. Dit feit makket it wetter in gaadlik plak foar feartsjinsten tusken Frankryk, Belgje en Ingelân. De Kanaaltunnel ûnder it Nau fan Calais ferbynt Grut-Brittanje mei Frankryk.