Strjitte fan Tsugaru
De Strjitte fan Tsugaru (Japansk: 津軽海峡,Tsugaru Kaikyō) is in seestrjitte tusken de eilannen Honsjû en Hokkaido yn it noarden fan Japan. De seestrjitte ferbynt de Japanske See en de Grutte Oseaan en is 20 oant 40 kilometer breed. De namme is ûntliend oan it Tsugaru-distrikt yn it westen fan de prefektuer Aomori.
De Strjitte fan Tsugaru kin oerstutsen wurden mei de fearboat of troch de Seikantunnel.
De Ingelske soölooch Thomas Blakiston wie de earste dy't it opfoel dat de bisten op Hokkaidō, it noardlike eilân, besibbe wienen oan soarten yn noard-Aazje, wylst dy fan it súdlike eilân Honshū besibbe wienen oan soarten fan Súd-Aazje. Dat de Strjitte fan Tsugaru tusken de beide eilannen is in biogeografyske grins dy't "Blakiston's Line" neamd wurdt.