Sealterbûn fan 1952
It Sealterbûn fan 1952 wie de foargonger fan it hjoeddeistige Sealtersk Bûn. It bestjoer krige syn beslach yn de saneamde Tweelwerräid (Rie fan Tolve), dêr't de trije doarpen Strukelje, Roomelse en Skäddel, elk mei fjouwer minsken, yn fertsjintwurdige wienen.
Stavering fan it Sealterfrysk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Sealterbûn fan 1952 fûn it belangryk dat it Sealtersk mear skreaun wurde soe. Ien fan de mooglikheden yn dy tiid wie it Leesebouk foar Seelterlound. Dêrtroch waard ek it belang fan in skriuwwize foar it Sealterfrysk grutter. Yn 1958 kamen ferskate minsken fan de Fryske Akademy ûnder lieding fan professor Jelle Brouwer nei it Sealterlân ta. Oer ferskillende dagen waard doe mei de Tweelwerräid yn de skoalle fan it buorskip Hollen besocht om ta in skriuwwize te kommen. Dêrút wei is in skriuwwize ûntstien, dy't letter brûkt waard foar it Seelter Woudebouk dat Pyt Kramer yn 1961 publisearre. Marron Curtis Fort brûkte ek eleminten fan de stavering fan 1958 yn syn wurk.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |