Springe nei ynhâld

Seal fan it Lêste Nachtmiel

Ut Wikipedy
Seal fan it Lêste Nachtmiel
bouwurk
lokaasje
lân Israel
plak Jeruzalim
koördinaten31°46' N 35°13' E
bysûnderheden
type bouwurkTsjerke
boujier12e iuw
boustylgotyk
kaart
Seal fan it Lêste Nachtmiel (Jeruzalim)
Seal fan it Lêste Nachtmiel

De Seal fan it Lêste Nachtmiel (Latyn: Coenaculum; "Senakel") soe de boppeseal wêze, dêr't Jezus neffens de trije synoptyske evangeeljes en it bibelboek Hannelingen (1:13) yn 'e jûn foar Syn dea mei syn apostels it Lêste Nachtmiel fierd hawwe soe.

It is in diel mei twa ferdjippings fan in grutter gebou en leit op 'e top fan 'e berch Sion tichteby de Dormitio-abdij. Yn 'e romte ûnder fereare de joaden it (lege) grêf fan kening David. Mei it Senakel wurdt de boppeseal oantsjut; it hat in goatysk, 13e-iuwsk en troch de Fransiskanen oanbrocht ferwulft en wurdt holden foar de seal, dêr't Jezus it Lêste Nachtmiel mei de apostels hie. De romte is iepen foar toeristen, mar alle foarmen fan oanbidding binne ferbean. Nei de ferballing fan 'e Fransiskanen troch de Turken waard it gebou tydlik as moskee brûkt en mear resint ek as synagoge.

De ek op de berch Sion steande Sint-Markustsjerke fan it Syrysk-Otterdokske kleaster suggerearret dat de Boppeseal yn harren gebou leit.

Goatysk ynterieur fan it Senakel.

De romte ûnder wurdt yn ferbân brocht mei it waskjen fan e fuotten fan de apostels troch Jezus (Jehannes 13:1-11), wylst yn 'e boppeseal it Lêste Nachtmiel en de ynstelling fan 'e eucharisty (Mattéus 26:26-28; Jehannes 13:5) plakfûn. Dêrmei kin it gebou beskôge wurde as it plak fan 'e earste tsjerke fan it kristendom.

Nei alle gedachten ferskynde op dit plak ek de opstiene Kristus foar de apostels, dy't nei de himelfeart yn it Senakel gearkamen.

It Senakel is ek it plak dêr't op it Pinksterfeest de Hillige Geast oer de apostels útstoart waard en de apostels yn 'tongen' begûnen te praten (Hannelingen 1:2-4).

Hypotetysk, mar wol mooglik, waard op dit plak ek Mattias keazen om it plak fan 'e ferrieder Judas yn te nimmen en waard dêr it earste apostelkonvint holden (Hannelingen 15:6-19).

Lettere skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Senotaaf fan kening David.

Neffens 4e-iuwske boarnen soe it Senakel ien fan 'e gebouwen west ha dat de ferneatiging fan Jeruzalim yn it jier 70 oerlibbe. Om't archeologysk ûndersyk fierder gjin bewizen oplevere dat it earder in synagoge west hat, kin der fan út gien wurde dat it oarspronklike gebou in joadsk-kristlike tsjerke west hat. De eartiids folle gruttere tsjerke waard ferskate kearen ferneatige, mar jimmeroan wer opboud.

Yn 1335 wisten de Fransiskanen it Senakel yn besit te krijgen en hja restaurearren it mei in goatysk ferwulft. De Fransiskanen waarden nei de Ottomaanske ferovering fan it Hillige Lân yn 'e earste helte fan 'e 16e iuw út it gebou ferjage. De tsjerke waard in moskee en yn 'e eardere tsjerke waard in mihrab (gebedsnis) tafoege. Ek de twa glês-yn-leadramen en in pear Arabyske opskriften datearje út de tiid dat de tsjerke in moskee wie.

Neffens in âlde tradysje wurdt yn 'e romte ûnder de boppeseal it senotaaf fan kening David fereare. De krúsfarders namen dy tradysje oer en setten der yn 'e 12e iuw in goatysk monumint foar kening David del. Sûnt 1948 hawwe de joaden yn in bygebou in talmoedskoalle ûnderbrocht. Neffens 1 Keningen 2:14 waard kening David by syn foarfaars yn 'e Davidstêd begroeven. Archeologysk ûndersyk hat lykwols útwiisd dat dat plak op 'e berch Ofel leit en net op dit plak.

It hillichdom is sûnt 1948 eigendom fan 'e steat Israel en is in museum. Der wurde alle jierren in pear tsjerketsjinsten yn 'e boppeseal tastien en de Roomsk-Katolike Tsjerke is al lang yn ûnderhanneling mei de steat Israel oer de weromjefte fan 'e seal.[1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: