Dormitio-abdij
| Dormitio-abdij כנסיית הדורמיציון | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| plak | ||
| koördinaten | 34°46' N 35°13' E | |
| Kleastergegevens | ||
| denominaasje | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| oarder | Benediktinen | |
| kongregaasje | Kongregaasje fan 'e Annunsiaasje | |
| Ynformaasje bou | ||
| arsjitekt | Heinrich Renard | |
| boujier | 1900-1910 | |
| Webside | ||
| Side fan de abdij | ||
| Kaart | ||
De Dormitio-abdij is in Dútsktalige abdij op 'e berch Sion yn Jeruzalim. De namme fan 'e benediktynske abdij is ôflaat fan 'e ûntliepenis fan Marije. De abdijtsjerke is de Dormitio-basilyk.
Skiednis fan de bou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't keizer Wilhelm II yn it ramt fan 'e ynwijing fan 'e Ferlossertsjerke nei Jeruzalim reizge, kocht er fan sultan Abdülhamid II in stik grûn op 'e berch Sion en droech dat oer oan 'e katolike Deutscher Verein vom Heiligen Lande (Dútske feriening fan it Hillige Lân). Neffens de tradysje soe Marije nei de dea fan Jezus op 'e berch Sion wenne ha en tichteby de Seal fan it Nachtmiel yn 'e ivige sliep fallen wêze (Dormitio is it Latynske wurd foar ûntsliepenis).

Al yn 1899 reizge de arsjitekt Heinrich Renard (1868–1928), de boumaster foar it bisdom Keulen, nei Jeruzalim. Hy die earst ûndersyk op it terrein en fûn resten fan 'e byzantynske Hagia Sion en noch mear tsjerken. De boulieding waard yn hannen lein fan 'e arsjitekt Theodor Sandel. Op 7 oktober 1900 waard de earste stien fan 'e abdij en basilyk lein. Yn mar tsien jier tiid waard de bou oan sawol de tsjerke as de abdij foltôge. De wijing fan 'e basilyk wie op 10 april 1910 troch de Latynske patriarch. De tsjerke en kleastergebouwen binne noch jimmeroan yn it besit fan 'e feriening, dy't ek foar it ûnderhâld noed stiet.
Abdij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut de aartsabdij fan Beuron wei waarden yn 1906 de earste muontsen nei Jeruzalim stjoerd. Fan 1918 oant 1921, nei de Earste Wrâldkriich, waarden de muontsen foar it earst yn harren skiednis op Sion ynternearre. Paus Pius XI joech it kleaster op 15 augustus 1926 in selsstannige posysje yn 'e Beuroner kongregaasje. Yn 'e jierren 1939-1945 folge in twadde ynternearring fan 'e Dútske muontsen en doe't de Unôfhinklikheidskriich fan Israel útbriek waarden de muontsen foar in tredde kear ynternearre. De abdij lei yn it troch Israel kontrolearre gebiet op 'e berch Sion tsjinoer it troch Jordaanje kontrolearre gebiet yn 'e ommuorre stêd.
Yn 1951 waard de abdij fan 'e Beuroner kongregaasje ôfsplitst en ûnder it direkte bestjoer fan 'e Abt Primaat fan 'e Benediktynske Oarder set. Doe't yn 1967 de Seisdeiske Kriich útbriek lei de abdij op 'e nij tusken de striidzjende partijen. Yn 1979 keas de mienskip foar it earst harren eigen abt: de prior fan Chevetogne út Belgje, Nicolas Egender.
Fandalisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De abdij wie mei oare kristlike lokaasjes in pear kear it doel fan ferielings troch ektremistyske joaden as wraak foar it ûntmanteljen fan 'e illegale delsetting Havat Ma'on. Yn oktober 2012 en maaie en juny 2013 waard de abdij bekladze mei anty-kristlike gjalpen en misledigings yn it Hebriuwsk. Kristenen waarden mei apen ferlikene en der waard oproppen foar wraak tsjin Jezus. Twa auto's waarden mei graffity bekalke en alle bannen stikken snien. Ek op ien fan 'e poarten fan it tichteby lizzende Gryksk-otterdokse tsjerkhôf waarden teksten achterlitten.
Op 26 maaie 2014 waard in doaze mei houten krusen yn it kleaster yn brân stuten. Op itselde stuit late paus Fransiskus yn it gebou dêrnjonken in tsjinst yn 'e boppeseal fan it grêf fan kening David. Der wurdt tocht dat it in mislearre besykjen wie om brân te stiftsjen.
It slagge in nasjonalistyske joad yn desimber 2014 oer in hek te klimmen, in krúsbyld, in bank en in tal bylden op it tsjerkhôf te skeinen.
Yn jannewaris 2016 skreaune fandalen gjalpen op 'e muorren fan 'e abdij, lykas "Dea oan 'e heidenske kristenen, de fijannen fan Israel" en "Dat syn namme (Jezus) útwiske wurde mei".[1] [2][3][4][5]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Dormitio-Abtei
|
