Schelto Patijn
Schelto Patijn (De Haach, 13 augustus 1936 - Amsterdam, 15 july 2007) wie in Nederlânske politikus. Hy wie boargemaster fan de gemeente Amsterdam en lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten Generaal foar de Partij fan de Arbeid.
Schelto Patijn is berne yn in aristokratysk fermidden, wêr't al hiel wat keamerleden en bestjoerders út wei komd binne. Hy hat rjochten studearre yn Utert. By dizze stúdzje waard Schelto grepen troch de Jeropeeske gedachte. In logyske stap wie dan ek dat hy nei de stúdzje en militêre tsjinst him mei Jeropa dwaande hâlde soe. Earst as amtner op it ministearje fan bûtenlânske saken en dêrnei oan it Jeropeeske Ynstitút wêr't hy yn 1971 direkteur fan waard. Yn 1973 waard hy ek Twadde Keamerlid foar de PvdA, in funksje dy't hy kombinearre mei it lidmaatskip fan it Jeropeesk Parlemint.
It wienen de jierren fan de linkse polityk, de polarisaasje en it kabinet den Uyl. Mar Schelto Patijn liet him nea yn in radikaal hokje drukke. Hy rûn kreas op de middenwei fan de PvdA, wêrby't hy bekend stie om syn herstochtlike pleidoaien foar ynternasjonale gearwurking.
Yn 1984 hie hy it hân mei de Twadde Keamer en gie hy syn oerpake efternei, Hy waard kommissaris fan de Keninginne yn Súd-Hollân, in funksje dy’t hy tsien jier dien hat. In grutte winsk, boargemaster wurde fan in grutte stêd, wie doe noch net yn ferfolling gien. Yn 1982 hie Schelto Patijn al in goai dien nei it boargemasterskip fan Rotterdam, mar hy ferlear de striid doe fan partijgenoat Bram Peper. Hy krige syn dreambaan dochs noch doe’t hy yn 1994 boargemaster waard fan Amsterdam.
As gjin oare boargemaster hat Schelto Patijn him sterk makke foar in bettere ynternasjonale reputaasje fan de haadstêd. Amsterdam moast ôfrekkenje mei it imago fan seks, drugs en rock & roll. Hy soarge derfoar dat der bygelyks in strjitteferbod kaam foar pornografyske kaarten en fierde in fergunningstelsel yn foar kofjeshops en bordielen.
Hy hat faak sein dat hy oant syn pinsjoen boargemaster fan Amsterdam bliuwe woe. Mar dochs foel it him swier. Yn 1997 koe hy trije moanne net wurkje fanwege reariem. Yn maaie 1999 moast der by him in min wurkjende nier út. Koar dêrnei waard by him kanker ûntdekt. Hy hat der in healjier út west. Dochs hat er syn wurk ôfmakke en is hy mei syn fiifensechstichste mei pensjoen gien. Dat wie yn 2001.
Syn heit Conny Patijn hat syn eigen soan oerlibbe.