Springe nei ynhâld

Scheltemastate

Ut Wikipedy
Scheltemastate, 1722

Scheltemastate, ek: Scheltingastate stie noardeastlik fan Boksum yn de gemeente Menameradiel yn de hoeke fan de Hegedyk en de Tiltsjedyk. Dêr lizze noch twa lege terpkes dêr't neffens de atlas fan Eekhoff de Oedsmastate stien hawwe soe. Van den Akker skriuwt om 1940 dat Eekhoff him fersint mei syn oanname dat Oedsma en Scheltema deselde state west hawwe soene. Hjir stie Scheltemastate en Oedsmastate stie op de doarpsterp en soe identyk wêze oan Juckemastate. Sjoen de bewennersskiednis wurdt hjirûnder de fisy fan Van den Akker folge.

Der wurdt wol ûndersteld dat hjir de úthof fan Kleaster Lidlum mei de namme Ter Poorte stien hawwe soe. De úthof dêr't abt Eelco Liauckama troch de bewenners fermoarde waard. Oannimliker is dat de úthof in stikje noardliker stie, op de terp dêr't de Hegedyk oerhinne rint en flakby de krusing mei it Boksumer Soal. Dêr soe it as in echte poarte stien hawwe foar alle weiferkear nei it suden.

Bekend is dat in Sybe fan Scheltinga yn 1566 om syn leauwe band wurdt en letter werom komt. Nei de Reformaasje yn 1580 is hy op de lândei folmacht foar Eastergoa, hoewol't Boksum yn Westergoa leit. Neffens it stimkohier fan 1640 is Jan Arriens boer op Scheltemastate en eigener is dan Ulbe fan Aylva. Van Burmania fermeldt dat by testamint fan 29 septimber 1619 Insch fan Scheltema, de widdo fan Epo fan Aylva, praelegateert Scheltema State met huys, hof en Poorte ensfh. oan har twadde soan Sybe fan Aylva. It stimkohier fan 1670 fermeldt Juffr. Lycklama, wed van den Heere Ailva tot Witmarsum voor 2 parten ende de Here Grietman Jr. Sicco van Ailva voor een derde part eigenaars van Scheltema plaats. Yn 1698 en 1700 stiet grytman Hector fan Glinstra as eigenaar neamd en dêrnei yn 1708, 1718 en 1728 Johanna fan Vierssen, widdo Fan Glinstra. Yn 1738 is fermelde Vrouwe Wyckel, wed. Glinstra en fan 1748-1768 Secr. Wyckel. Fan 1708 - 1768 hat de famylje Oedsma de pleats yn gebrûk.

Under syn tekening skreau Stellingwerf: Scheltema-state te Boxum van oude Mevr. Glinstra. Mar ek ûnder syn tekening fan Ringiastate yn Blessum skreau hy dat der in frou Glinstra wenne. Wienen beide states bewenne troch dames Glinstra, de iene âlder as de oare, wienen se beide eigendom fan deselde frou of hat hy wer ien fan syn bekende fersinnen makke? De gelikenis mei de oanbuorjende Ringiastate is dan ek grut. In foarbyld fan it type stins dêr't de kop-hals-romppleats ûntstien is. De State hat in net sa grut, stinseftich foarhûs. Yn de gevel fan it wenhûs sitte twa krúsfinsters en hjir is ek de toge yngong yn de nei ferhâlding lange “hals”. It terrein dêr't de state op stie wie hjir ek tagonklik troch in poartegebou, dat oer de grêft stie.

Bewenners
  • 1566 Sybe fan Scheltinga
  • oant 1619 Insch fan Scheltema, widdo Epo fan Aylva
  • sûnt 1619 Sybe fan Aylva
  • 1640 Ulbe fan Aylva
  • 1670 Juffer Lycklama, widdo Fan Aylva en Sicco fan Ailva
  • 1698 Hector fan Glinstra
  • 1708-1728 Johanna fan Vierssen, widdo Fan Glinstra
  • 1738 frou Fan Wyckel, widdo Fan Glinstra
  • 1748 - 1768 sekretaris Fan Wyckel

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • K.J. van den Akker - Van de mond der oude Middelzee, rige artikels yn it Friesch Landbouwblad fan 1922 - 1942, yn boekfoarm útbrocht yn 1971
  • David Hartsema - Menaldumadeel, 2000 jaar leven in een Friese grietenij”, 1981
  • Skiednis fan Menameradiel redaksje O. Santema en dr. Y.N. Ypma, 1972
  • Stinzen yn Fryslân