Sarah Banks

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sarah Banks
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Sarah Banks.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 23 april 1997
berteplak Calabasas (Kalifornje)
etnisiteit Flag of the UNIA.svg Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2016 – no
offisjele webside
Sarah Banks op Twitter

Sarah Banks, echte namme ûnbekend (Calabasas (Kalifornje), 23 april 1997), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Afro-Amerikaansk komôf. Hja sette yn 2016 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Banks waard yn 1997 berne yn Calabasas, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Yn 2016, doe't se njoggentjin jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se anno 2019 yn mear sechstich films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Digital Playground, Hustler Video, Devil's Film, Wicked Pictures en Jules Jordan Video. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Girlfriends Films, Mile High Media en Third Degree Films. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Under har karriêre hat Banks gearwurke mei kollega-aktrises as Anikka Albrite en Ana Foxxx, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Mick Blue, James Deen, Manuel Ferrara, Tommy Gunn, Johnny Sins, Criss Strokes en Mark Wood. Njonken har aktearwurk is Banks ek aktyf as neakenmodel en hat se foar ferskate neakenblêden posearre.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sarah Banks is negroïde, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.52 m lang, mei in gewicht fan 45 kg, en in cupmaat 32DD, dêr't se lykwols in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Behalven de wenstige gatsjes troch de earlellen hat Banks ek in nâlpiercing en piercings troch beide spiennen. Fierders hat se ferskate tatoeaazjes, wêrûnder ûnbeskate ûntwerpen op har rjochterside, rjochterheup en rjochterûnderearm, in fear ûnder har rjochterboarst en de teksten "Beautiful" op har rjochterstút en "Blessed" op har lofterstút.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: