Sanne Langelaar
Sanne Langelaar | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sanne Langelaar | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 22 april 1984 | |
berteplak | Rotterdam (Súd-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
jierren aktyf | 2007 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Sanne Langelaar (Rotterdam, 22 april 1984) is in Nederlânsk aktrise, dy't û.m. spile hat yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden en de tillefyzjerige Verliefd op Ibiza. Fanôf 2015 hie se de haadrol yn 'e searje Dagboek van een Callgirl.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Langelaar waard yn 1984 yn Rotterdam berne. Se trochrûn de middelbere skoalle oan it Rijnlands Lyceum yn Oegstgeast en studearre dêrnei fan 2002 oant 2007 kommunikaasjekunde oan 'e Universiteit Utert. Yn 2008 die se in beropsoplieding oan Teäterskoalle "De Trap" yn Amsterdam, wêrnei't se fan 2009 oant 2013 fierder learde oan 'e Amsterdamske Toanielskoalle & Lytskeunst Akademy. Fanôf 2007 spile se njonken har oplieding yn teäterproduksjes en teffens wie se aktyf as sjongster yn musicals.
Yn 2013 krige Langelaar har earste lanlike bekendheid doe't se tydlik de rol fan Sjors Langeveld yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden op har naam, om't Inge Schrama, de fêste fertolkster fan dy rol, earders as pland mei swierensferlof moast. Letter krige Langelaar ien fan 'e haadrollen yn 'e soapsearje StartUp, dy't lykwols nei fjouwer moannen op 'e non rûn en stopset waard.
Langelaar hie ek in haadrol (as Suus) yn 'e searje Verliefd op Ibiza, gastrollen yn 'e searjes De Meisjes van Thijs, Heer en Meester en Gouden Bergen, en spile dêrnjonken yn byrollen yn ferskate films, wêrûnder All Stars 2: Old Stars (2011) en Alles Is Familie (2012). Yn Michiel de Ruyter (2015), in biografyske film oer de santjinde-iuwske Nederlânske seeheld mei deselde namme, fertolke Langelaar de rol fan Anna de Ruyter, de "frou fan". Boppedat spile se fanôf it foarjier fan 2015 de haadrol yn 'e nije tillefyzjesearje Dagboek van een Callgirl, wêrmei't se tige yn 'e belangstelling kaam te stean en sadwaande bekendheid krige by in breder publyk.
Yn 2016 hie Langelaar in byrol as plysje yn 'e komyske horrorfilm SneekWeek. Yn 2018 fertolke Langelaar yn 'e histoaryske spektakelfilm Michiel de Ruyter de rol fan Anna de Ruyter-Van Gelder, de frou fan 'e santjinde-iuwske Steatske seeheld Michiel de Ruyter.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |