Springe nei ynhâld

Sint-Omaars

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Saint Omer)
Sint Omaars
Saint Omer
Bestjoer
Lân Frankryk
Regio Opper-Frankryk
Departemint Pas-de-Calais
Boargemaster François Decoster
Sifers
Ynwennertal 15.192 (2016)
Oerflak 16,24 km²
Befolkingsticht. 916 / km²
Hichte 0-27 m
Oar
Stifting 7e iuw
Postkoade 62765
Offisjele webside
Stêd Sint-Omaars
lizzing Sint-Omaars

Sint-Omaars (Frânsk: Saint-Omer) is in plak en gemeente efkes besuden Duinkerken op de grins tusken Frânsk-Flaanderen en Arteezje (Artois) yn it hjoeddeiske departemint Pas-de-Calais yn de regio Opper-Frankryk, oan de rivier de Aa en it Kanaal fan Neuffossé. De stêd hat in oerflak fan 16,59 km2 en hat sa'n 15.000 ynwenners. Sint-Omaars is in regionaal fersoargings- en kultuersintrum (mei skoallen, merk, musea) mei wat yndustry (ûnder oaren tekstyl, fiedingsguod, glês, masines).

Sint-Omaars waard foar it earst neamd yn skriften yn de sânde iuw ûnder de namme Sithiu, om de Abdij fan Sint-Bertinus hinne, dy't op inysjatyf fan biskop Audomarus, Omaar of Otmar fan Terwaan stifte waard.

Yn de njoggende iuw naam it doarp dat om it kleaster hinne woeks de namme Sint-Omaars oan. De Noarmannen plonderen it plak om 860 en 880 hinne. Tsien jier letter waard der in ferdigeningsmuorre om it plak en it kleaster boud.

Mei't Sint-Omaars op in plak oan de grinzen lei fan gebieten dy't Frânsken, Flamingen, Ingelsken en Spanjerts inoar ûntstriden wie it plak gauris it toaniel fan strideraasjes en belegerings.

Yn 932 ferovere greve Arnulf I fan Flaanderen it Greefskip Arteezje en Sint-Omaars waard in part fan it Greefskip Flaanderen yn de folgjende trije iuwen. Yn 1071 waarden Filips I fan Frankryk en de jonge Arnulf III fan Flaanderen by Sint-Omaars ferslein troch Arnulf syn omke en beskermhear, Robrecht de Fries, dy't neitiids greve fan Flaanderen waard oant syn dea yn 1093.

Mei de tekstylyndustry waard Sint-Omaars yn de tolfde en trettjinde iuw in woltierige stêd. It krige yn 1127 stedsrjochten fan greve Willem Klito, en waard dêrmei de earste stêd in westlik Flaanderen mei stedsrjochten. Letter ferlear de stêd syn liedende rôl yn de tekstylyndustry oan Brugge.

Yn 1214, nei't it greefskip Flaanderen ferswakke waard, kaam Arteezje oan Frankryk. Yn 1340 waard der by de stêd in grutte slach fochten tusken in Ingelsk-Flaamsk en in Frânsk leger, dêr't it Ingelsk-Flaamske leger belies jaan moast. Yn 1384 waard it part fan de Boergondyske Nederlannen, fan 1482 ôf waard it part fan de Habsburchske Nederlannen en fan 1581 oant 1678 fan de Spaanske Nederlannen.Nei 1678 kaam de stêd nei ferskate besykjen definityf nei Frankryk.

Tusken 1787 en 1795 giene tûzenen Noard-Nederlânske patriotten as ballingen nei Sint-Omaars en wide omkriten (Bethune, Waten, Sint-Winoksbergen, Grevelingen, Dúntsjerk). Fan 1787 - 1795 wie it in taflechtsoarde fan de nei it esjek fan Frjentsjer flechten Fryske patriotten, dêr't Court Lambertus fan Beyma en Johannes Valckenaer ûnder wiene.

Yn de Earste en Twadde Wrâldkriich waard de stêd swier skansearre.

Ferneamde persoanen Sint-Omaars

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]