Springe nei ynhâld

Saco van Teyens (1797-1857)

Ut Wikipedy
Saco van Teyens (1797-1857)
politikus
Hantekening Van Teyens
Hantekening Van Teyens
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berteplak Beetstersweach
stjerplak Beetstersweach
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
Plakferfangend frederjochter yn Beetstersweach
amtsperioade 1830-1831
Frederjochter yn Beetstersweach
amtsperioade 1831-1835
Lid Provinsjale Steaten fan Fryslân
amtsperioade 1835-1851
Grytman fan Opsterlân
amtsperioade 1839-1853
Amtner iepenbier ministearje kantongerjocht Beetstersweach
amtsperioade 1850-1856
Boargemaster fan Opsterlân
amtsperioade 1851-1853

Saco van Teyens (Beetstersweach, 12 april 1797 - dêre, 1 febrewaris 1857) wie in Nederlânsk bestjoerder en rjochter.

Van Teyens wie in soan fan Benedictus van Teyens, gritenijsekretaris fan Opsterlân en ûntfanger fan de Opsterlandse Veencompagnie, en Froukjen Alberts, waans kokenfaam er yn 1795 oan boaske.[1] Dat houlik soe ferbân hâlde mei it wankjende útstjerren fan de famylje Van Teyens. Saco, syn suster Etta Arnolda en broer Oene wiene de lêste telgen fan dat laach. Leden fan dat eigenerfde geslacht wiene benammen aktyf as gritenijsekretaris.

Van Teyens studearre earst yn Ljouwert en fan 1815 ôf rjochten yn Grins. Yn 1823 promovearre er oan de universiteit fan Grins.[2] Nei syn stúdzje gie er werom nei Beetstersweach en wenne er mei syn suster yn it Van Teyenshûs dat letter part fan it pân Bordena waard.[3] Yn 'e mande mei syn broer en suster ferkocht er in protte lân yn Fryslân en it Grinslânske Westerkertier.[1] Yn 1828 wie der in boelskieding tusken Van Teyens en syn broer en suster. Dêrby krige er de Fockensstate dy't earder fan de famylje Fockens wie. Nei it ferstjerren fan syn mem yn 1853 bewenne er dy state.[4] Hy liet de state tusken 1853 en 1857 ferbouwe; alinne de wapenseal bleau ûnferoare.[5] Nei alle gedachten liet er ek de fan Lucas Pieters Roodbaard ûntwurpen tún fernije troch Gerrit Vlaskamp.[6]

Yn 1830 waard er plakferfangend frederjochter op De Sweach foar't er yn 1831 echt frederjochter waard.[7] Dêrneist waard er yn 1833 Steatelid en yn 1835 grytman fan Opsterlân. De funksje fan grytman soe yn 1851 feroarje yn boargemaster. Van Teyens kaam yn 1830 ek foar as kaptein by de mobile skutterij en letter as kolonel by de rêstende skutterij.[8]

Van Teyens bleau syn libben lang frijfeint. Hy stoar yn 1857; der waard sein dat er himsels tekoart dien hie. Hy waard beïerdige yn it famyljegrêf by de Herfoarme tsjerke fan Beetstersweach.[1] Mei't er gjin testamint opmakke hie, fererfe syn fermogen op syn broer en suster. Dy brochten in part fan it Van Teyensfermogen ûnder yn de stichting Van Teyens Fundatie. Dy stichting bestiet noch hieltyd en hat in eigen Fundaasjegebou út 1858 oan it Kerkepad Oost.[9] De Fockensstate waard yn 1863 troch Oene ferhierd oan Binnert Philip van Harinxma thoe Slooten. De ferhier waard fuortset troch Marcus van Heloma (1847-1922), erfgenamt fan de state. Van Heloma liet de Fockensstate yn 1879 ferfange troch it hjoeddeiske eklektyske gebou.[5] Fierwei it grutste part fan de erfenis waard troch Oene neilitten oan syn dokter Joachimus Lunsingh Tonckens.[10] Der soene noch lange tiid prosedueres fierd wurde oer it testamint fan Oene van Teyens en de erfenis fan de lêste trije Van Teyens, dêr't ûnder oaren de Coendersboarch by wie. De saak rûn lang om let fêst yn 1967 foar Europeeske Kommisje foar de rjochten fan de mins.[11]

  • Disputatio juridica inauguralis, de causis excusationum a tutelis, quid de illis a priori legibus possit et debeat definiri, quid judicis arbitrio in facto sit relinquendum. Groningae [1823] (proefskrift).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Woude, N.L. van der (2006). Luyden van eren. Voorouders en nageslacht van Saco van Teyens (1601-1650). Genealogysk Jierboek 2006, s.7-85.
  2. Terluin, J.C. (2008). De familie Van Teyens en de Van Teyens Fundatie. [pdf] Ta foldwaan fia: Vanteyensfundatie.nl..
  3. Van Teyens Fundatie (2021). Tijdsbeelden. [online] Beskikber fia: Vanteyensfundatie.nl. [Geraadpleegd op 14 maart 2021].
  4. Huisman, E. (1995). Een kilometer adellijke huizen in Beetsterzwaag. Monument van de Maand, 1(6). Ljouwert: Stichting Monument van de Maand.
  5. 5,0 5,1 Elward, R. & Karstkarel, P. (1992). Stinsen en States. Adellijk wonen in Friesland. Drachten/Ljouwert: Friese Pers Boekerij bv.
  6. Noordpeil (2020). Fockensstate. [online] Beskikber fia: Noordpeil.nl..
  7. Wegener Sleeswijk, R.W. & Oldersma, L. (1999). Rechterlijk Friesland 1811-1999. Naamlijst leden rechterlijke macht, leden openbaar ministerie en griffiers. Hilversum: Uitgeverij Verloren.
  8. Baerdt van Sminia, H. (1851). Naamlijst van de Grietmannen, die van 1816 tot 1851 hoofden van de gemeenten ten platten lande in Friesland zijn geweest, een vervolg op de Nieuwe naamlijst van Grietmannen, van de vroegste tijden tot 1795. Ljouwert: Eekhoff.
  9. Van Teyens Fundatie (2021). Geschiedenis Fundatiehuis. [online] Beskikber fia: Vanteyensfundatie.nl. [Besjoen op 14 maart 2021].
  10. Karstkarel, P. & Laan, L. van der (2008). Friese hofjes. Gasthuizen, Diaconiehuizen en Armenhuizen. De Gerdyk: Friese Pers/Noordboek.
  11. Buursma, A. (2021). Coendersborg inzet van erfeniskwestie. [online] Beskikber fia: Deverhalenvangroningen.nl..