Springe nei ynhâld

Saaltsjerke (Ingelheim)

Ut Wikipedy
Saaltsjerke (Ingelheim)
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Ingelheim am Rhein
koördinaten 49° 58' N 8° 4' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Evangelyske Tsjerke yn Dútslân
Arsjitektuer
boujier sûnt 900-19e iuw
Webside
www.saalkirche-ingelheim.de
Kaart
Saaltsjerke (Rynlân-Palts)
Saaltsjerke

De Saaltsjerke is in tsjerkegebou yn 'e Dútske stêd Ingelheim am Rhein. De tsjerke giet werom op 'e 10e iuw en ferwiist net nei it feit dat it om in sealtsjerke giet, mar nei de namme fan it gebiet (Saal) yn it stedsdiel Nieder-Ingelheim, dêr't eartiids de Ingelheimer keizerpalts stie.

Romaanske dekoraasje oan 'e Saaltsjerke.

De tsjerke is in ienskippich bouwurk yn 'e foarm fan in Latynsk krús. De apsis wurdt yn it noarden en suden troch twa smelle tuorren flankearre. De hjoeddeiske grutte toer waard pas yn 1861 tafoege. Mei it reade stúkwurk oan 'e tsjerke wurdt it oarspronklike ottoanske gebou ûnderskieden. Oan 'e súdkant fan 'e apsis is in liuw te sjen, dy't in laam oerweldiget.

Yn 'e tsjerke falle de monumintale krusingsbôgen op, dy't dat diel dúdlik fan it skip, dwersskip en apsis ôfgrinzgje. De trije finsters fan 'e apsis binne yn 1963 troch Heinz Hindorf ûntwurpen. Fan loft nei rjochts binne Moazes mei de tafels, Kristus en Jehannes de Doper te sjen.

De keizerpalts hie eartiids in lytse, oan Sint-Piter wijde paleiskapel, mar by wichtige feesten of de gearkomste fan 'e synoade yn 948 wie de Sint-Remigiustsjerke it geastlike sintrum. Lang waard tocht dat de hjoeddeiske tsjerke as paleiskapel boud waard, mar mei help fan fynsten koene skiedkundigen fêststelle dat de hjoeddeiske tsjerke nei 900 ûnder ottoansk bewâld ûntstie. By oanbou- en renovaasjewurk oan 'e hjoeddeiske tsjerke binne yn 'e jierren 2003-2004 resten fan in ottoanske kapel fûn. De hjoeddeiske foarm fan 'e tsjerke ûntstie healwei de 12e iuw ûnder Barbarossa.

Sûnt 1345 wie de tsjerke oant de reformaasje in kleastertsjerke fan it troch Karel IV stifte Augustynsk koarhearenstift. It politike belang fan 'e keizerpalts wie doe al yn it neigean, mar dêrmei bleau de tsjerke foar ôfbraak, lykas dat wol barde mei de oare gebouwen fan 'e keizerpalts, wêrfan 't de stien sûnt 1402 brûkt waard foar de bou fan hûzen yn it Saalgebiet.

Nei't Sweedske troepen it stift yn 'e Tritichjierrige Kriich ferneatigen, waard de tsjerke yn 1707 werboud. Sûnt 1794 brûkt de Frânske besetters de tsjerke as sikehûs, hynstestâl, finzenis en opslachromte foar iten. De tsjerke wie oan it begjin fan 'e 19e iuw brekfallich en waard doe oan 'e grifformearden tawiisd. Dy restaurearren de tsjerke, mar mei in skip dat koarter wie. Yn 'e jierren 1960 krige de tsjerke syn histoaryske ôfmjittings werom.

De tsjerke besit trije oargels:

Dreymann-oargel.
  • Yn 'e krusing fan 'e tsjerke stiet in lyts posityf mei in mechanyske sleeplade fan Förster & Nicolaus Orgelbau.
  • Yn it rjochter dwersskip stiet in histoarysk oargel út 1853 fan Bernhard Dreymann, dat oant 2008 op 'e kreake stie mar oarspronklik foar it dwersskip boud wie.
  • Op 'e kreake waard nei de ferhûzing fan it histoaryske oargel nei it dwersskip in oar haadoargel boud, dat oan 'e ein fan 2013 yn gebrûk nommen waard. Dat oargel waard yn 2008 troch de gemeente oanskaft en kaam oarspronklik út de ferkochte First Presbyterian Church út Passaic (Feriene Steaten), dêr't Ernest Martin Skinner it yn 1930 boude. Johannes Klais út Bonn restaurearre it ynstrumint en boude it wer efter in nije oargelkas yn 'e Saaltsjerke op om 't de âlde oargelkas in monumint is en net útboud wurde mocht. It oargel telt 51 registers op fjouwer manualen en pedaal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Saalkirche (Ingelheim) (ferzje 29 juny 2024)