Springe nei ynhâld

Súdwesthoek (skûtsje)

Ut Wikipedy
Starum
Seilteken fan Súdwesthoek
Seilteken
Eigener Stifting Skûtsje Súdwesthoek
Plak Starum
Werf Barkmeijer, Stroobos
Boujier 1923
Kleur brún
Lingte 19.48
Breedte 3.87
Holte 1.10
Djipgong 0.38
Skipper Auke de Groot
Tonnaazje 50

De Súdwesthoek is it skûtsje dat foar de Súdwesthoeke fan Fryslân útkomt yn de SKS, mei as thúshaven Starum.

Op tiisdei 31 desimber 2002 kocht Stichting Skûtsje Súdwesthoek it skûtsje dat yn 1923 op de werf fan Barkmeijer yn Strobos boud waard. It eardere skûtsje wie te lyts en koe net mear goed meikomme yn de foarhoede. It 'nije' skûtsje hat dêrfoar jierren yn de IFKS syld ûnder de namme "Hoop op Welvaart". Yn de jierren '80 binne der meardere kampioenskippen mei helle. De lêste jierren sylde Wim van Dalen mei dit skûtsje yn de A-klasse fan de IFKS. Winterdeis leit it ferljochte skûtsje yn de haven fan Starum.

Súdwesthoek op De Feanhoop
  • 1958-1961 : Klaas Keimpesz. van der Meulen
  • 1962-1967 : Douwe Azn. Visser
  • 1968-1971 : Cor Salverda
  • 1972-1980 : Rienk Ulbesz. Zwaga
  • 1981-2007 : Meindert de Groot
  • sûnt 2008 : Auke de Groot
Oantal Skipper Kampioen yn
  4 Klaas Keimpesz. van der Meulen 1945 - 1947 - 1951 - 1954
  1 Rienk Ulbesz. Zwaga 1979

Earste skûtsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It earste skûtsje dêr't de Súdwesthoek mei sylde wie de "Twee Gebroeders" dy't yn 1900 boud wie by Barkmeier yn Snits yn opdracht fan Sybesma. Letter waard it oernomd troch Teake Salverda. Mei har 30 ton, 145 m² seiloerflak hat it jierren it âldste skûtsje fan de SKS-fleat west. It lytse skûtsje sylde goed as der der mar in bytsje wyn stie. Yn 1945 wie it de earste winner fan it SKS-skûtsjesilen. Yn 1948 wûn it it Sulveren Frachtskipke, in wikselpriis dy 't foar skûtsjes beskikber steld wie troch Douwe Egberts. It waard wûn trochdat it skûtsje trije kear efter elkoar wûn, yn 1946, 1947 en 1948. Yn 1958 waard de "Twee Gebroeders" eigendom fan Stichting Skûtsje Súdwesthoek, nei dat in pear jier earder ferkocht wie en sa lang yn Amsterdam lei as wenskip. It hat de wedstriden by de SKS syld oant 2002 en krige dêrnei wer de âlde namme "Twee Gebroeders". Nei 2002 wurdt it brûkt foar ploechjesilen. Yn 1979 hat Rienk Ulbesz Zwaga kampioen wet mei dit skûtsje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: