Springe nei ynhâld

Súdwâlfulkaan

Ut Wikipedy

De Súdwâlfulkaan is in (deade) fulkaan yn Fryslân dy't him op mear as 2 km ûnder it ierdoerflak befynt, ûnder de Waadsee tusken Harns en Flylân, wat ten súdwesten fan it eilantsjje It Gryn. De fulkaan wie aktyf yn it lette Jura (± 160 - 145 Ma ferlyn) en is letter dedekt ûnder sirka 2000 meter sedimentêr stiente, benammen skaalje en sânstien út it Kryt.

De fulkaan is ûntdekt yn 1970 doe 't de Frânske oaljemaatskippij Elf Petroland (tsjintwurdich ûnderdiel fan Total) in boaring sette yn de Waadsee, mei as doel in mooglik gasfjild dat him dêr neffens seismysk ûndersyk siet. De maatskippij stuitte ta syn fernuvering ûnder it reservoirstiente op stiente yn it boargat, dat fan fulkanyske oarsprong wie. It bliek in fulkaan te wêzen dy't foarme wie yn de faze fan orogeneze yn it destiidske Jeropeeske kontinint fan ûngefear 160 miljoen jier (Ma) ferlyn. It Súdwâlgasfjild, dat him fuort boppe de fulkaan befynt, waard yn 1988 yn produksje nomd en produsearret noch altyd gas. Neist de stientefragminten (boaorgrús neamd), wie der noch in oare yndikaasje foar de oanwêzichheid fan in waarmteboarne yn de foarm fan in fulkaan; de temperatuer op in djipte fan 2 kilometer is gewoanwei 100 graden Celsius, in dit gefal wie dit 130 graden.

Ofwikingen fan it ierdmagnetysk fjild op de Noardsee. De Súdwâlfulkaan is it readbrune plak yn de Waadsee, de deade fulkaan Mulciber it readbrune plak yn it noardwesten

De fulkaan hat in hichte fan ûngefear 1 km en wie sa'n 12 miljoen jier aktyf. De erupsjes fan de fulkaan wienen fûle en koart mei in soad eksploazjes. Dit, mei de mineraalgearstalling, tsjut op fulkanisme dat barde as gefolch fan subduksje dy't net tichtby de fulkaan bart. De Kimmeryske orogeneze, lykas de perioade fan berchtmefoarming dy't destiids barde neamd wurdt, wie in faze fan kompresje wêrby't de destiidske mikroplaten Turkije en Iran noardwerts skooden en yn botsing kamen mei it Euraziatyske kontinint. Dizze orogeneze soe troch de Euraziatyske plaat skokweagen teweech bringe kind hawwe, dy't laten ta fulkanisme. Dit proses soe him yn de Alpine orogeneze werhelle kind hawwe, doe't destiids it Eoseen yn de Eifel grutskalich eksplosyf fulkanisme ûntstie as mooglik gefolch fan de botsing en subduksje fan de Adriatyske plaat.

De fulkaan yn de ûndergrûn is bedekt troch sânstienlagen út it ûnder-Kryt, dy't in reservoirstiente foarmje foar gas. It ôfslutingsstiente is in dik pakket klaaistien dat ôfsetten is yn de transgressive faze nei de foarming fan de Súdwâlfulkaan, yn it ûnder-Kryt.

Ofwikend ierdmagnetysk fjild

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De steuring fan it ierdmagnetysk fjild yn de Waadsee wat súdwestlik fan it eilantsje It Gryn, wurdt feroarsake troch de Súdwâl-fulkaan. Yn de ûndergrûn dêr, op in djipte fan sirka twaenheale kilometer, komt fulkanysk stiente foar dat de Súdwâlfulkaan útspijd hawwe moat. Dit fulkanyske stiente is sterk magnetysk wêrtroch't it ierdmagnetysk fjild dêr ôfwykt.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]