Springe nei ynhâld

Sân Wrâldswûnders

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sân Wrâldwûnders)
De sân wrâldswûnders (fan lofts nei rjochts, boppe nei ûnder): Piramide fan Cheops, Hingjende tunen fan Babylon, Timpel fan Artemis, Byld fan Seus op Olympia, Mausoleum fan Halicarnassus, Kolossus fan Rhodos en de Pharos fan Aleksandrje

De Sân Wrâldswûnders is in begryp dêr't meastentiids in list fan sân bysûndere bouwurken út de Klassike Aldheid mei bedoeld wurdt. Letter binne der ek oare listen makke, bygelyks dy fan de moderne wrâldswûnders en kin it ek dêr op slaan.

Sân antike wrâldswûnders

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dizze sân wûnders fan de wrâld binne oanwiisd troch ferskillende skriuwers, lykas Philan fan Byzantium, Antipatros fan Sidon. Foar de Griken hie it nûmer sân in magyske betsjutting. Hja koene sân planeten beneame, sân kleuren, sân wurkdagen, sân wittenskippen. Dochs is de list fan de Sân Wrâldswûnders net ûntstien op it hichtepunt fan de Grykske beskaving, mar earst yn de Midsiuwen gearstald. Alle sân wrâldswûnders steane lykwols yn it part fan de wrâld dat de Griken sjoen hawwe koenen, binnen de ferovere grinzen fan it ryk fan Aleksander de Grutte. Dochs binne twa wûnders net troch de Griken boud. Dit binne de hingjende tunen fan Babylon en de Piramide fan Cheops.

  1. Piramide fan Cheops
  2. Kolossus fan Rhodos
  3. Hingjende tunen fan Babylon
  4. Mausoleum fan Halicarnassus
  5. Pharos fan Alexandrje
  6. Byld fan Seus op Olympia
  7. Timpel fan Artemis yn Efeze

De piramide fan Cheops is de ienichste fan alle klassike wrâldswûnders oer.

  1. Stonehenge
  2. It Kolosseum
  3. De katakomben fan Kom el Shoqafa
  4. De Sineeske Muorre
  5. De De Porsleinen toer fan Nanjing
  6. De Hagia Sofia
  7. De Toer fan Pisa

De natuerlike wrâldswûnders

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. De Mount Everest
  2. It Grut Barriêrerif
  3. De Grand Canyon
  4. De Niagara Wetterfallen
  5. De Victoria Wetterfallen
  6. De fulkaan Paricutin
  7. It Poalljocht
  8. De Angel Wetterfal

Sân ûnderwetter wrâldswûnders

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. Palau
  2. It Belize Barriêrerif
  3. De Galápagoseilannen
  4. De Reade See
  5. De Baikalmar
  6. It Grut Barriêrerif
  7. Underwetter-fulkanen

Moderne Wrâldswûnders

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]