Springe nei ynhâld

Ryksgreve

Ut Wikipedy
Diploma foar it ryksgreefskip foar frijhear Anton Schenck von Stauffenberg troch keizer Joazef II yn 1785

In ryksgreve (Dútsk: Reichsgraf) wie in aadlike titel yn it Hillige Roomske Ryk. Yn de midsiuwen waard de titel brûkt foar de bestjoerders fan in ryksgreefskip, dat streekrjocht ûnderhearrich oan de keizer wie, dus ryksûnmidlik, sûnder dat der in oare foarst, dy't in fazal fan de keizer wie, sa as karfoarst of hartoch, tusken siet. De ryksgreven sieten op ien fan de fjouwer "grevebanken", dêr't hja yn fertsjintwurdige waarden en stimme koene yn de Ryksdei oant 1806.

Yn it Frankyske Ryk, al ûnder de Merovingen, waarden greven oansteld as bestjoerder, en fertsjintwurdiger fan de kening, fan in goa. Ynearsten wiene greven ministerialen, oanstelde beämten, en wie haren funksje net erflik. Under de Ottoanske keizers waarden se ferheft ta in hegere klasse, boppe de lânadel en waarden se yntegrearre yn de hearskjende adel fan it feodale tiidrek. Harren fuksje waar dêrmei stadichoan ek erflik. De Roomsk-dútske keizers ferheften in stikmannich greefskippen ta ryksgreefskippen, dy't dus ryksûnmidlik waarden, en dêrtroch ta de saneamde ryksstannen kamen te hearren. Yn 1521 wiene der 44 fan sokke greefskippen.

Doe't de struktuer fan it Hillige Roomske Ryk stadichoan feroare oan de ein fan de midsiuwen, waard yn 1489 de Ryksdei foarme, en waarden de ryksgreven útsletten foar persoanlike stimmen (Virilstimme), dy't ta de karfoarsten en oare ryksfoarsten hearde. Om harren belangen en frijheden fuort te sterkjen ferienen de ryksgreven yn saneamde "grevebanken" (Grafenbänke). Yn de sechtjinde iuw waarden grevebanken yn Swaben en Wetterau foarme en yn de santjinde iuw waarden de Frankyske en Westfaalske grevebanken foarme.

By Dútske Mediatisearring yn 1803 waarden in soad ryksgreefskippen opheft en anneksearre troch gruttere buorren. Guon aadlike skaaien holden nei it Kongres fan Wenen yn 1815 de titel fan ryksgreve symboalysk, dy't se as kompensaasje krigen foar it ferliezen fan harren gebieten.

Greve Ulrik Sirksena fan it Greefskip Eastfryslân waard yn 1464 troch keizer Freark III ta ryksgreve ferheft en waard Eastfryslân in ryksgreefskip.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Heffter, August Wilhelm: Die Sonderrechte der souveränen und der mediatisierten vormals reichsständischen Häuser Deutschlands. 1871, side 10 "Ryksstannen".
  • Hofkalender, Gothaischer Genealogischer, fan 1917, Gotha (Justus Perthes), twadde werprintinge, side 105
  • Taddey, Gerhard, yn: Lexikon deutscher Geschichte, twadde werprintinge 1983, siden 874/5 „Neufürstlichen Häusern“