Rybinsk
Rybinsk | |
---|---|
De Wolga mei de Transfiguraasjekatedraal (lofts) en nôtbeurs (rjochts) | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Oblast | Jaroslavl |
Sifers | |
Ynwennertal | 188.678 (2018) |
Oerflak | 101,42 km² |
Befolkingstichtens | 1860.36 / km² |
Hichte | 100 m |
Oar | |
Stifting | 1071 |
Simmertiid | (UTC+3) |
Webside | Side Rybinsk |
Rybinsk (Russysk: Ры́бинск; tr. Rybinsk ) is de op ien nei grutste stêd fan it oblast Jaroslavl yn it Sintraal Federale Distrikt fan de Russyske Federaasje. De stêd leit oan it opslachmar mei deselde namme as de stêd en it plak dêr't de Sjeksna-rivier yn de Wolga rint. Rybinsk hie yn 2018 goed 188.600 ynwenners.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rybinsk leit 270 kilometer noardlik fan Moskou en 80 kilometer noardwestlik fan Jaroslavl. De stêd leit op de grins fan de taiga en de seam fan mingd wâld.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste delsetting yn it stedsgebiet folge oan de mûning fan de Sjeksna yn de Wolga. Dat wie op syn lêst yn de earste helte fan de 11e iuw. De delsetting Ust-Sjeksna (Russysk: Усть-Шексна́, yn it Frysk "mûning fan de Sjeksna") wie in regionaal sintrum foar hannel en ambachten. Yn de tiid fan de ynfallen fan de Mongoalen waard de delsetting ferneatige. In nije delsetting folge oan de rjochter kant fan de Wolga ûnder de nije namme Rybnaja sloboda (Russysk: Ры́бная слобода́, yn it Frysk "Fiskdelsetting"). Yn in oarkonde fan grutfoarst Ivan III Vassiljevitsj waard dat plak neamd. De bewenners leveren steur, salm en sterlet oan it hôf.
It ûntstean fan in stêd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch it beslút fan Peter de Grutte om in ferbining foar boaten fan Sint-Petersburch mei de Wolga te meitsjen, waard it plak in omslachhaven foar guod út it suden fan skippen dy't net djip leine. Midden yn de 18e iuw hie it plak him al ta ien fan de grutste binnenhavens fan Ruslân ûntwikkele. Dat wie foar Katarina de Grutte de oanlieding om yn 17777 in ûkaze út te feardigjen en it plak de namme Rybinsk (Russysk: Ры́бинск, Fiskstêd) te jaan. Yn in tiid dat de stêd noch mar 7.000 ynwenners hie, wurken der wol oant 170.000 minsken oan skipfolk yn de haven, dêr't somtiden wol oant 2.000 skippen leine.
19e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1838 oant 1851 waard it belangrykste monumint fan de stêd boud, de Transfiguraasjekatedraal. It ûntwerp foar de katedraal wie makke troch Avraam Melkinov en wie oarspronklik ornearre foar de Izaäk-katedraal yn Sint-Petersburch. Nei't Melkinov de wedstriid foar it bêste ûntwerp foar de noch te bouwen katedraal yn Sint-Petersburch ferlear, ferkocht hy syn ûntwerp oan de stêd Rybinsk.
Dat Rybinsk in wichtige stêd foar de nôthannel wie die bliken út de iepening fan de tredde nôtbeurs fan Ruslân yn 1842. Oan it begjin fan de 20e iuw wie dy beurs noch altiten ien fan de grutste fan it Ryk. De ûntwikkeling fan staaljitterijen, skipsbou, tou- en stienfabriken en de bou fan fabriken foar de bou fan spoarmaterjeel markearre tsjin it ein fan de 19e iuw de yndustrialisaasje fan de stêd.
Sovjet-tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 1941 en 1947 waard it Rybinsk-opslachmar oanlein, mei (4.580 km²) it op ien nei grutste opslachmar fan Europa. It opslachmar liet in grutte flakte oan de Sjeksna en Mologa ferdwine en mei in soad doarpen en de stêd Mologa. De befolking waard benammen yn Rybinsk op 'e nij hûsfeste. Noch foar de ynfal fan de nazy's yn de Sovjet-Uny wie it measte wurk dien en yn 1941 begûn it opslachmar fol te rinnen mei wetter. De earste turbine fan de wetterkrêfsintrale wurke fanôf 18 novimber 1941 en de twadde op 15 jannewaris 1942. Yn dat lêste jier koe der elektrisiteit oan de haadstêd Moskou levere wurde. De levering fûn plak mei ûndergrûnske kabels, sadat de strategyske foarsjennings fan Moskou yn de Twadde Wrâldkriich nea sûnder elektrisiteit sieten.
In Dútske besetting fan de stêd hat der net west, mar de stêd hie wol te lijen fan bombardeminten. Begjin juny 1942 fleach ien Dútsk fleantúch sûnder op te fallen 450 kilometer oer it front om sûnder wjerstân de Rybinsker motoarenfabryk foar fleantugen te bombardearjen. Yn dy tiid waarden strategyske foarsjennings lykas de motoarenfabryk foar fleantugen en it Rybinsker loftfeartynstitút oerbrocht nei it feiliger Ufa. In soad ynwenners waarden mei evakuëarre en bleaune dêr ek neitiid wenjen. Letter fûn de produksje fan fleantúchmotoaren wer op 'e nij yn Rybinsk plak.
Nei de oarloch bleau de stêd groeien mei de oanlis fan nije wiken en tsjin it ein fan de jierren 1980 hie de stêd al mear as 250.000 ynwenners.
Nei 1990
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomyske herfoarmings yn de jierren 1990 hiene op de ûntwikkelings yn Rybinsk in negative útwurking. In soad bedriuwen krigen minder earmslach en guon gyngen fallyt, de wenningbou stie stil en op kultuer waard besunige. Dat liede ta in delgong fan it ynwennertal fan Rybinsk.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Sovjet-jierren wiksele Rybinsk feskate kearen fan namme: yn 1946 waard it Sjtsjerbakov (nei Aleksandr Sjtsjerbakov), yn 1957 waard it wer Rybinsk, yn 1984 Andropov (nei Joeri Andropov) en yn 1989 wer Rybinsk.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Demografyske ûntwikkeling fan Rybinsk fan 1897 oant 2018 | ||||||||||||
Jier | 1897 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2010 | 2018 | |||
befolking | 25.290 | 141.905 | 181.685 | 218.282 | 238.579 | 251.442 | 222.653 | 200.771 | 188.678 |
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken de wetterkrêfsintrale en de haven dy't de Wolga mei de Eastsee ferbynt, wurdt de ekonomy fan de stêd ûnderstipe troch skipsbou, mechanysk yndustry en hout- en kabelyndustry. Alinne de motoarenfabrikant Saturn hie yn 2013 al mear 11.000 wurknimmers.
-
Transfiguraasjekatedraal
-
Wetterkrêftsintrale
-
Marije-Ljochtmis-tsjerke
-
Brêge oer de Wolga
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|