Roland Kortenhorst

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Roland Kortenhorst.

Roland Werner François Kortenhorst (Eindhoven, 14 juny 1958) is in Nederlânsk ûndernimmer en earder politikus. Hy wie foar it Christen-Democratisch Appèl (CDA) fan 23 maaie 2002 oant 3 septimber 2008 lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal.

Roland Kortenhorst folge syn middelbere skoaloplieding oan it Sint Stanislas College yn Delft. Hy studearre fan 1976 - 1984 skipsbou en skipfeartkunde oan de Technyske Hegeskoalle yn Delft (de hjjoeddeiske Technyske Universiteit Delft) en folge fan 1985 - 1988 in jûnoplieding bedriuwskunde oan de Akademy foar Bedriuwskunde fan de Ryksuniversiteit Grins. Hy wurke as direkteur fan ferskate bedriuwen yn de skipfeartsektor, ûnder mear twa Fryske skipswerven.

By de Twadde Kamerverkiezingen 2002 waard Kortenhorst keazen yn it parlemint. Hy wie foar syn fraksje wurdfierder op it mêd fan definsje en hâlde him dwaande mei it yndustrybelied. By de ferkiezings fan 2003 en 2006 waard hy werkeazen. Troch syn Keamerlidmaatskip wie hy ek lid van de Parlemintêre Assemblée fan de NAVO.

Neist syn parlemintêre wurk is Kortenhorst bestjoerslid fan de 'Feriening âld-leden S.G. 'William Froude', foarsitter-tsjerkefoud fan de Nederlânsk Herfoarme Gemeente De Jouwer en lid fan it bestjoer fan de Stichting BOS (Bedriuws Untwikkeling Skipsbou).

Op 3 septimber 2008 ferliet Kortenhorst de Twadde Kamer om in eigen loftfeartbedriuw op te setten, Sky-taxi.eu. Dit bedriuw waard yn jannewaris 2010 lykwols fallyt ferklearre.

Sûnt 2009 is Kortenhorst aktyf yn de belangenbehertiging. Hy is foarsitter fan de brancheferiening Binnenfeart Branche Uny (BBU), dy't ûnder syn lieding oprjochte waard fanút Kantoar Binnenfeart. Op de algemiene ledegearkomst fan FOSAG op 27 novimber 2009 yn Noordwijkerhout waard Kortenhorst ta nije FOSAG-foarsitter keazen. Yn maaie 2011 trede hy dêrnei ôf fanwege omstannichheden yn de priveesfear.

Neist dit wurk hat Kortenhorst yn 2010 in Switsers-Nederlânsk lobby- en belangenbehertigingskantoar opsetten. It kantoar yn De Haach sit rjocht foar de Twadde Keamer oer.

Persoanlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Roland Kortenhorst wennet op De Jouwer. Hy is troud en hat trije bern. Kortenhorst is in achterneef fan Jules Kortenhorst, destiids ek lid fan de Twadde Keamer nammens it CDA. Eartiidsk foarsitter fan de Twadde Keamer Rad Kortenhorst is in âldomke fan him. Kortenhorst heart ta de Protestantse Tsjerke yn Nederlân.