Springe nei ynhâld

Dún

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rivierdún)

In dún is in hichte fan fyn sân oan de kust, in rivier, yn in sânwoastyn of op oare plakken. In dún ûntstiet troch it ferwaaien fan sân ta in hichte. Dunen kinne unike natoergebieten foarmje mei in grut ferskaat oan biste- en plantesoarten. As dunen begroeid binne wurdt sprutsen fan griene dunen.

Yn Fryslân binne fjouwer soarten dunen:

  • Noardseedunen
  • Suderseedunen
  • rivierdunen
  • sânferstowings

Dynamyske Noardseedunen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Dunen op It Amelân
Dunen op Skylge

Noardseedunen binne allinnich op de Waadeilannen te finen. De dunen binne ûntstien troch it mei-inoar opspyljen fan see, wyn, sân en begroeiïng. Nei de iistiden ûntstiene op it lân grutte sânmassa's dy't troch de rivieren rjochting de see drukt waarden. Dêrtroch ûntstiene oan de kust sânbanken. Troch dy banken en it ûndjipper wurden fan de see ûntstie der brâning, wêrtroch't noch mear sânbanken foarme waarden. Yn de rin fan de tiid waarden dy sa heech dat se by leechwetter drûch kamen te lizzen. Nei de floed liet de see hieltiten wat sân efter op it strân. Yn drûchteperioades krige de wyn fet op it sân en ûntstiene de earste dúntsjes. De banken waarden dêrtroch safolle heger dat grutte stikken ek by heech wetter net mear ûnder strûpten.
Begroeiing spile by dúnfoarming ek in grutte rol. De earste plant dy't op de banken ferskynde wie biistarwegers. Dy en oare pioniersplanten dy't graach oer sâlt meie hawwe net folle nedich om goed te groeien. Se holden it sân fêst, mei opheaping as gefolch. Yn in letter stadium doe't it sâlte wetter de woartels fan de planten net mear berikke koe, ferdwûnen de sâltplanten en kamen der oare as bygelyks helmgers foar yn it plak. De dunen op It Oerd wurde al fernijd op in kaart út 1567. Relatyf jonge dunen lizze op De Hon, wylst der op de sânplaat eastlik dêrfan noch hieltiten nije dúntsjes foarme wurde. De resultaten fan alle prosessen binne dus op It Amelân te sjen.

Alde Suderseedunen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de Huitebuersterbûtenpolder yn Gaasterlân komme saneamde Suderseedúntsjes of 'ouwers' foar. Ouwer is in âlde namme foar kust. De namme komt yn it suden fan Fryslân mear foar, ûnder oare yn Ousterhaule. Suderseekust dus, fandêr de namme Suderseedúntsjes. Opmerklik is dat de Fryske namme foar in fisker fan de eardere Sudersee-eilannen 'ouwerman' is. It liket derop dat de Suderseedúntsjes min ofte mear op deselde manier ûntstien binne as de Noardseedunen. De sânkopkes, want dat binne it eins, kine lykwols ek op in oare wize ûntstien wêze. Gaasterlân is ûntstien yn de foarlêste iistiid. It bultige balstienliemlânskip wie doe 'woest en leech'. Letter waard de boaiem bedekt troch in laach sân, dêr't de wyn frij spul hie. Sa ûntstienen hichten dy't geasten of gaasten neamd waarden. It begryp Suderseedún komt yn Nederlân op mear plakkken foar, benaamen yn de strook tusken Flevolân (erdere Sudersee) en de Veluwe. Dat is yn dit ferbân lykwols net de ienige link mei Gelderlân, want op de Huitebuorsterbûtenpolder komme planten foar dy't rekkene wurde ta de it Geldersk distrikt, lykas streke klaver en seestikel.

Seldsume rivierdunen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Rivierdún

Rivierdunen binne ûntstien yn de lêste iistiid (sa'n 100.000-10.000 jier lyn). It toendra-eftige lânskip wie amper begroeid, it wie ien bare flakte. It waar wie meastentiids kâld en der stie meast in wreedskerpe, stoarmeftige wyn. De ribvieren wenen doe kronkelich fan aard. Se ferleinen faak harren loop, wêrtroch't benammen yn de bochten brede bêdingen ûntstienen. Oan de ein fan de iistiid gie de wyn wat lizzen en waard it waarmer. De rivieren streamden net mear sa balstjurrich, wêrtroch't in soad bêdingen drûch kamen te lizzen. It sân dêrfan waard by hurde wyn opnomd en ferpleatst. Omdat der oan de ouwers wyls al frijwat begroeiing ûntstien wie, bleau it measte sân dêr efter heakjen. Geandewei ûntstienen sa mânske rivierdunen. Undersyk hat útwiisd dat rivierdunen hast altiten foarkomme op plakken dêr't de oerhearskjende (súd)westewyn destiids heaksk op de rivierbêdings stie. It sân dat yn de lingterjochting fan de rivieren ferpleatst waard, kaam faak del yn (oare) rivierbêdings, dêr't it troch eroazje net ta dúnfoarming komme koe. Yn Nederlân binne rivierdunen seldsum, de measten lizze yn Noard-Limburch. Yn Fryslân komme se foar oan de Tsjonger en op de Hoarne fan de Dellebuorsterheide. Op de Hoarne komme weardefolle, heideskrale gerslantsjes foar. Midden yn it gebiet leit in pingoruïne, ek in relikt út de iistiid. Fierders binne der noch meänders fan de âlde rivieren te sjen.

Spektakulêre sânferstowings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sânferstowings binne yn Fryslân te finen op trije plakken, by Appelskea (Aekingersân), Bakkefean (Bakkefeansterdunen) en Elslo (Schaopedobbe). Se binne ûntstien troch minsklik yngripen. Al yn de Midsiuwen waarden op de heidefjilden om dy plakken grutte kuddes skiep hâlden. Troch de oerbegersking ûntstienen keale sânflakten dêr't de wyn frij spul hie. Sa waarden keale dunen foarme dy't har útwreiden en ferpleasten. By stoarmen ûntstienen grutte sânferstowings. Net selden stoden boerespultsjes hielendal ûnder, en sels heale doarpen waarden bedrige. Der wurdt beweard dat op of by de Schaopedobbe ea in kleaster stien hat dat ûnder it stowende sân ferdwûn is. De namme Kleasterwei yn de direkte omjouwing soe dêrop wize, mar hurde bewizen binne der net.

Net allinnich de Schaopedobbe mar ek de Bakkefeansterdunen hearre by It Fryske Gea. De 'Keale Dunen' dêre binne oerbliuwsels fan de destiidske sânstoarmen. It bysûndere fan de Schaopedobbe is dat yn de útstode sânflakte saneamde 'forten' lizze , dit binne heechlizzzende flakke plato's mei in steile râne. Op ien fan dy plato's leit in fen (dobbe) dêr't it gebiet nei neamd is. Dêr waarden eartiids skiep wosken. Der is noch wol wat heide oerbleaun, dat jildt ek foar it Mandefjild, it gebiet dêr't de Bakkefeansterdunen lizze.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: