Rie Cramer

Ut Wikipedy
Rie Cramer in 1947

Marie (Rie) Cramer (Sûkabûmy (Java, Yndoneezje), 10 oktober 1887Laren, 16 septimber 1977) wie in Nederlânsk yllustratrise, boekbânûntwerper en skriuwster.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rie Cramer waard grutbrocht yn Nederlânsk-Ynje en wie de jongste yn in húshâlding mei fjouwer famkes. Har mem wie koel en ôfstanlik hat sy sein. Heit wie kaptein op de pakketfeart en dêrom net faak thús. Doe't Rie Cramer njoggen wie gong har mem mei de bern nei Nederlân. Al betiid gie hja nei de keunstakademy yn De Haach. Sy sette út ein mei it skriuwen fan berneferhalen en tekeningen. Mei santjen jier liet hja in map mei tekeningen en ferkes sjen oan útjouwer W. de Haan yn Utert. Hy wie ûnder de yndruk en joech har yn 1906 in opdracht foar it boekje Van meisjes en jongetjes. Yn dat sjenre hat se dêrnei is soad publisearre. Sy yllustrearre ek mearkes fan de bruorren Grimm, Charles Perrault (Mearkes fan us Mem de Goes), Hans Christian Andersen en Russyske mearkes. Dêrnjonken hat se boeken fan Nienke fan Hichtum en Anna Sutorius yllustrearre. Sy fersoarge de tekst en yllustraasje fan totaal 120 berne- en mearkeboeken en wie as fêste yllustratise mei it gesicht fan berneblêd Zonneschijn. Fierder wie hja ek pottebakster, ûntwurp kostúms, exlibris, sierboarden, menukaarten en dekors. It hichtepunt fan har karriêre foel yn de jierren tweintich en tritich.

Letter skreau Cramer romans, toanielstikken en harkspullen ûnder de skûlnammen Marc Holman en Annie Smit. Yn de Twadde Wrâldkriich skreau hja Verzen van Verzet.

Rie Cramer hat trijeris troud west, yn 1922 mei de akteur Eduard Verkade, mar achte harsels net gaadlik foar in húshâlding en hinge bot oan har frijheid. Sy makke in protte bûtenlânske reizen en kocht in hûs op Majorka. Sy makke dêr tegels en skreau ek trije boeken oer Majorka (Viva Mallorca, Mallorca - eiland van rust, en Mallorcanen). Dy hat fan 1954 ôf oant begjin jierren santich mei freonen op Majorka wenne. Doe't dat net mear woe, gie se werom nei Nederlân.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1906 - Van meisjes en van jongetjes
  • 1907 - Van jongetjes en meisjes
  • 1909 - Kindjesboek
  • 1910 - Het diamanten prinsesje
  • 1913 - Prentjes bij versjes
  • 1914 - Lenteliedjes
  • 1919 - Een Hindoesche Liefdesgeschiedenis
  • 1921 - Het poppen A.B.C.
  • 1925 - Sneeuwwitje
  • 1936 - A is een aapje (abecedarium)
  • 1937 - Otje de Bas
  • 1938 - Het Engeltjesboek
  • 1947 - Rut Wijgant
  • 1949 - An en Jan
  • 1958 - Kattebelletjes
  • 1965 - Flitsen (autobiografyske sketsen)
  • 1974 - De vier jaargetijden

Oer Rie Cramer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jacqueline Burgers, Rie Cramer - leven en werk. 1974, Erven Thomas Rap

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]